American Broadcasting Company | |
---|---|
medium | tillefyzje en radio |
nasjonaliteit | Amerikaansk |
taal | Ingelsk |
oprjochte | 1943 |
haadkertier | Burbank (Kalifornje) (stjoerder) New York (New York) (bedriuw) |
ûntfangstgeb. | Feriene Steaten (ek súdlik Kanada) |
eigner | The Walt Disney Company |
webside | abc.com |
De American Broadcasting Company (Ingelsk foar "Amerikaansk Omrop Bedriuw"), ornaris ôfkoarte ta ABC (útspr.: [e:bi:'si:], likernôch: "ee-bii-sii") (dat lykwols ek de namme is fan 'e wichtichste tillefyzjestjoerder fan Austraalje) is in Amerikaansk nasjonaal en kommersjeel radio- en tillefyzjenetwurk dat útstjoerd fia de eter. It bedriuw waard yn 1943 oprjochte en hat syn studiohaadkertier yn Burbank (Kalifornje), wylst it haadkantoar yn New York fêstige is. ABC, dat omreden fan dy ôfkoarting de bynamme 'it Alfabetnetwurk' draacht, is ien fan 'e 'Grutte Trije' Amerikaanske tillefyzjenetwurken, yn 'e mande mei CBS en NBC. Sûnt 1996 is ABC eigendom fan The Walt Disney Company, dêr't it ûnderbrocht is by de difyzje Disney Media Networks.
Skiednis
Yn 'e 1930-er jierren waard de radiomerk yn 'e Feriene Steaten behearske troch trije grutte lanlike bedriuwen: it Columbia Broadcasting System (CBS), it Mutual Broadcasting System (MBS) en de National Broadcasting Company (NBC), dy't eigendom wie fan eletroanikaprodusint Radio Corporation of America (RCA). Doedestiden ûnderhold RCA twa ûnderskate netwurken fan radiostjoerders, dêr't folslein ferskillende radioprogramma's oer útstjoerd waarden. Dy netwurken stiene bekend as NBC Blue en NBC Red. NBC Blue waard yn 1927 oprjochte om nije programma's út te prebearjen; it wie inkeld te beharkjen yn gebieten dy't fan minder belang wiene (d.w.s. op it plattelân), wylst NBC Red de grutte stêden betsjinne.
Yn 1934 tsjinne MBS in klacht yn by de Federal Communications Commission (FCC), de Amerikaanske oerheidsynstânsje dy't oer de radio gie, om't it swierrichheden hie om troch te kringen yn in merk dy't alhielendal tichttimmere wie troch NBC en CBS. De FCC, dy't yn 1938 in ûndersyk ynstelde, kaam ta de konklúzje dat RCA òf NBC Red òf NBC Blue opjaan moast, mei't it bedriuw NBC Blue brûkte om elts begjin fan konkurrinsje de kop yn te drukken. Om't de FCC gjin sizzenskip oer de netwurken sels hie, waard de regel ynsteld dat der gjin útstjoerfergunnings mear útjûn wurde soene foar radiostasjons dy't ferbûn wiene mei in netwurk fan in bedriuw dat al in oar netwurk yn besit hie. Dêrmei waard it foar RCA ûnmooglik makke om troch te gean mei de eksploitaasje fan sawol NBC Red as NBC Blue.
Fan gefolgen besleat RCA yn 1941 en ferkeapje NBC Blue. It netwurk waard dêrta yn jannewaris 1942 ta in selsstannige dochterûndernimming makke, dy't hielendal gjin bannen mear mei NBC Red hie. Ek de namme waard feroare, yn 'Blue Network' of koartwei 'Blue'. Yn 1943 ferkocht RCA it Blue Network, ynkl. 3 eigen radiostastjons yn New York, Chicago en San Francisco, 60 kontraktueel ferbûne mar selsstannich operearjende radiostasjons (saneamde affiliates), en 4 studiofasiliteiten yn New York, Chicago, Los Angeles en Washington, D.C., foar de priis fan $8 miljoen. De hiele boel gie dêrby oer yn 'e hannen fan Edward J. Noble, fabrikant fan Life Savers-snobbersguod en eigner fan 'e Rexall-drogisterijen en fan it radiostasjon WMCA yn New York. De ferkeap waard op 12 oktober 1943 goedkard troch de FCC. Yn 1944 kocht Noble de rjochten op 'e namme 'American Broadcasting Company' fan George B. Storer, wêrnei't dat de nije namme fan it Blue Network waard.
Yn 1948 wreide ABC syn wurkmêd út fan radio nei tillefyzje, krekt sa't konkurrinten CBS en NBC dat yn 'e 1940-er jierren ek diene. Oan 'e ein fan 1949 waard filmstudio Paramount Pictures troch in útspraak fan it Amerikaansk Heechgerjochtshôf twongen en meitsje fan bioskoopútbater United Paramount Theatres (UPT) in selsstannich bedriuw. Op 9 febrewaris 1953 karde de FCC de oankeap fan UPT troch ABC goed. De betelling fûn plak troch in útwikseling fan oandielen ter wearde fan $25 miljoen. Ut 'e fúzje kaam American Broadcasting-Paramount Theatres fuort, dat de memme-ûndernimming fan sawol ABC as UPT waard. It bedriuw hie op dat stuit 6 radiostasjons, 5 tillefyzjestasjons en 644 bioskopen yn 300 Amerikaanske stêden yn eigendom. Leonard Goldenson, dy't earder algemien direkteur fan UPT west hie, soarge der mei de ûntwikkeling fan in grut tal súksesfolle tillefyzjesearjes foar dat ABC foar it earst net allinnich in libbensfetber, mar ek in winstjaand alternatyf foar CBS en NBC waard.
ABC brocht troch de jierren hinne tige súksesfolle programma's op 'e Amerikaanske tillefyzje, dy't ek om utens bekend waarden. Dêrûnder wiene tekenfilmsearjes as The Flintstones, Top Cat, Looney Tunes en Merrie Melodies en komeedzjesearjes as Bewitched, The Addams Family, The Brady Bunch, Who's the Boss?, Growing Pains, Perfect Strangers, Full House, Roseanne, Step by Step, Home Improvement, Ellen, Dharma & Greg, Two Guys and a Girl, Spin City, According to Jim, Melissa & Joey, Modern Family en Last Man Standing. Fierders stjoerde ABC langrinnende soapsearjes út, lykas General Hospital, All My Children, One Life to Live en Dynasty, en dramasearjes as Batman, Wonder Woman, Starsky & Hutch, Charlie's Angels, Roots, Battlestar Galactica, The Love Boat, Miami Vice, The Wonder Years, Twin Peaks, Desperate Housewives, Lost, Grey's Anatomy, Boston Legal, Ugly Betty, Body of Proof, Once Upon a Time en Marvel: Agents of S.H.I.E.L.D. Oare tige súksesfolle programma's fan ABC wiene it sportprogramma Monday Night Football en it realityprogramma Dancing with the Stars. Fierders wie ABC it earste Amerikaanske nasjonale netwurk dat, yn novimber 1975, úteinsette mei de útstjoering fan in nijsprogramma op 'e moarn, mei as titel Good Morning America. Fral yn 'e 1970-er jierren en de 1980-er jierren dominearre ABC it Amerikaanske tillefyzjelânskip.
Yn 'e 1980-er jierren kocht American Broadcasting Companies, Inc., de memme-ûndernimming fan ABC, in belang fan 80% oan yn it keabeltillefyzjesportkanaal ESPN. Op 3 jannewaris 1986 fusearre American Broadcasting Companies, Inc. mei Capital Cities Communications (CCC), de eigner fan ferskate kranten en tydskriften en radio- en tillefyzjestasjons. Hoewol't CCC fjouwer kear sa lyts wie, gie de fúzje fan CCC út, en hie de transaksje de foarm fan 'e oankeap fan reus ABC troch dwerch CCC. Dat jage in skok troch de Amerikaanske tillefyzjewrâld. It resultearjende bedriuw, Capital Cities/ABC Inc., waard yn 1996 sels foar it meastepart oernommen troch The Walt Disney Company foar de priis fan $19 miljard. ABC waard dêrnei ûnderbrocht by de difyzje Disney Media Networks, yn 'e mande mei ESPN en it Disney Channel.
Yn 'e ienentweintichste iuw waard ABC foar it earst foarbystribbe troch in fjirde nasjonaal tillefyzjenetwurk yn 'e Feriene Steaten: de Fox Broadcasting Company. Yn 2007, doe't de radiodifyzje fan ABC ferkocht waard oan Citadel Broadcasting, lei ABC him foar it earst folslein ta op tillefyzje. Yn 2014 kaam de radiodifyzje lykwols ûnder de namme ABC Audio by it bedriuw werom.
Wurkwize
Anno 2020 bestiet it fia de eter útstjoerende tillefyzjenetwurk fan ABC út 8 eigen tillefyzjestasjons en teminsten 232 selsstannige tillefyzjestasjons ferspraat oer de hiele Feriene Steaten, dy't in kontraktueel fêstleine bân mei ABC ûnderhâlde. Sokke selsstannige stasjons hjitte yn it Amerikaanske tillefyzjejargon affiliates ("affiliëarden"). Sadwaande hat ABC in frijwol folslein nasjonaal berik yn 'e Feriene Steaten, en fia affiliates dy't útstjoere deunby de noardgrins kin de stjoerder ek yn grutte dielen fan súdlik Kanada ûntfongen wurde.
Op 'e eigen tillefyzjestasjons stjoert ABC 89 oeren yn 'e wike út. Op 'e tillefyzjestjoerders fan syn affiliates stjoert ABC út op primetime, yn 'e iere jûn, trije oeren op moandei oant en mei sneon en fjouwer oeren op snein. Dat komt út op 22 oeren yn 'e wike. Dêrnjonken stiet it de affiliates frij om al of net de ABC-programmearring fan moarns 11.00 oant middeis 15.00 oere út te stjoeren as se dat wolle. Dêrby giet it benammen om praatprogramma's en soapsearjes. De rest fan 'e stjoertiid wurdt folle troch de affiliates sels.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|