AACTA Award
algemiene ynformaasje
hist. nammeAFI Award
nasjonaliteit Australysk
útrikt foartreflikens yn film en tillefyzje
útrikt trochAACTA
frekwinsjejiers
datumjannewaris
plakSydney / Los Angeles
ynsteld1957
1e útrikking1958
offisjele webside
www.aacta.org

De AACTA Awards (de ferkoarte foarm fan Australian Academy of Cinema and Television Arts Awards) binne in groep Australyske prizen dy't elts jier yn jannewaris útrikt wurde foar treflikens op it mêd fan film en tillefyzje. De prizen wurde útrikt troch de Australian Academy of Cinema and Television Arts (AACTA), en wurde ornaris beskôge as de Australyske wjergaders fan 'e Amerikaanske Oscars of de Britske BAFTA's.

Skiednis

De AACTA Awards waarden yn 1958 ynsteld as de Australian Film Institute Awards of koartwei AFI Awards. De earste jierren wiene der 30 nominaasjes, ferdield oer seis kategoryen dy't allegear mei film te krijen hiene. Yn 1986 waarden foar it earst ek prizen foar tillefyzje útrikt. Yn 2011 waarden de prizen omneamd ta AACTA Awards. Yn 2012 waarden de AACTA International Awards foar ynternasjonale films foar it earst holden, dy't elts jier by in aparte seremoanje yn Los Angeles útrikt wurde.

Kategoryen

AACTA Awards

Spylfilmprizen

Tillefyzjeprizen

Oare prizen

Spesjale prizen

  • treflike prestaasje op it mêd fan tillefyzjekeunst
  • treflike prestaasje op it mêd fan koarte-filmkeunst
  • Byron Kennedy Award
  • Longford Lyell Award
  • Screen Content Innovation Award

AACTA International Awards

  • bêste film – ynternasjonaal
  • bêste regisseur – ynternasjonaal
  • bêste akteur – ynternasjonaal
  • bêste aktrise – ynternasjonaal
  • bêste byrol fan in akteur – ynternasjonaal
  • bêste byrol fan in aktrise – ynternasjonaal
  • bêste senario – ynternasjonaal

Ofskafte prizen

  • bêste eksperimintele film
  • bêste bûtenlânske film
  • ynternasjonale priis foar treflikens op it mêd fan filmkeunst
  • sjuerypriis
  • bêste tillefyzjedokumintêre
  • bêste sponsore dokumintêre
  • bêste ynternasjonale akteur
  • bêste ynternasjonale aktrise
  • bêste senario (orizjineel of adaptearre)
  • Global Achievement Award

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.