Aäron as hegepryster op in brânskildere raam yn de katedraal fan Quimper, Frankryk

Aäron (Hebriuwsk: אַהֲרֹן, Asharon) is neffens de Bibel de âldere broer fan Moazes, dy't him holp om de Israeliten út de slavernij fan de farao te lieden nei it ûnthjitten lân.

Famylje

Aäron wie de soan fan Amram en Jokêbed en hie in âldere suster, dy't Mirjam hiet, en in jonger broerke mei de namme Moazes. Hy troude mei Elisjêba en krige mei har de soannen Nadab, Abihû, Eleäzer en Itamar (Exodus 6:22). Aäron waard de earste hegepryster fan it folk Israel.

Aäron wurdt de wurdfierder fan Moazes

Aäron wie al yn de âldens fan 83 jier doe't hy as wurdfierder oansteld waard fan Moazes, om't Moazes sels in net al te bêste sprekker wie: "Dyn broer Aäron sil dyn profeet wêze. Do moast alles sizze wat Ik dy opdraach en Aäron sil it wurd dwaan by de farao, dat dy de Israeliten út syn lân gean lit" (Exodus 7:1). God joech Moazes en Aäron dúdlike ynstruksjes wat te dwaan as hja foar de farao stiene. Mocht de farao om in wûnder freegje, dan moast Aäron syn stêf op de grûn smite, sa't de stêf yn in slange feroare. En sa barde it. Mar de farao wie net ûnder de yndruk fan it teken, ek net nei't syn tsjoenders itselde diene en harren slangen allegear opiten waarden troch de slang fan Aäron (Exodus 7).

Moazes en Aäron liede it folk nei Kanaän

Nei't de farao it folk Israel nei de tsien pleagen gean liet, bleau Aäron ek tidens de tocht troch de woastyn de wurdfierder fan Moazes. Doe't de Israeliten de striid oangyngen mei de Amalekiten moast Moazes syn stôk heech hâlde. Sadree't de stok sakke ferlearen de Israeliten en wûnen de Amelekiten. It wie dus saak dat de stôk heech holden waard, maar Moazes liet fan kleare wargens de stôk sakje. Tegearre mei Chûr hold Aäron Moazes de earmen heech te hâlden oant de sinne ûndergyng, sa't de Israeliten de Amalekiten wisten te ferslaan.

Oanbidding fan it gouden keal (Antonio Molinari)

Aäron hie it foarrjocht om tegearre mei syn soannen Nadab en Abihû en santich âldsten mei Moazes de berch Sinaï op te gean, wêr't hja God sels oanskôgen. Mar doe't Moazes letter fierder de berch op gyng en dêr fjirtich dagen en nachten lang bleau en de lieding oan Aäron en Chûr oerdroeg, liet Aäron it folk folslein út it spoar rinne troch goud ûnder de Israeliten yn te sammeljen om dêr in gouden keal fan te meitsjen, sa't it folk it oanbidde koe. Doe't Moazes nei de fjirtich dagen en nachten de berch delkaam en de Israeliten om harren nije ôfgod dûnsjen seach, roppende "dizze god is it dy't ús út Egypte fierd hat", waard hy poerrazen. Hy smiet de stiennen tafels mei dêrop de troch God yngravearre ferbûnsakte stikken, sloech it gouden keal fyn en spriek Aäron bestraffend ta, dy't noch besocht de boel wat gled te striken. De Leviten, dy't ferklearren foar de Heare te wêzen, krigen fan Moazes de opdracht om it swurd te nimmen en yn it kamp de tsjinners fan de ôfgod te deadzjen, meiïnoar sa'n trijetûzen man.

Ienris sieten Aäron en Mirjam gear te spannen tsjin Moazes. De oanlieding wie de Etiopyske frou, dêr't Moazes mei troud wie. Der wie ek sprake fan oergeunst: "Is Moazes faaks de iennichste dêr't de Heare mei sprutsen hat" en "Hat Er ek net mei ús sprutsen" sa fregen hja harren ôf. God hearde dat en sa lôge de grime fan de Heare tsjin har op. Mirjam, de inisjatyfnimmer, kaam foar straf ûnder de útslach te sitten. Nei't Moazes foar har by God yn de pleit gyng, krige Mirjam de opdracht om sân dagen bûten it kamp ta te hâlden. Dêrnei mocht hja werom komme en wie hja genêzen.

Op in kear, krekt nei't Mirjam ferstoarn wie, wie der gjin wetter mear en begûn it folk wer ris Moazes en Aäron te ferwiten dat it better west hie yn Egypte te bliuwen ynstee fan yn de woastyn fan toarst om te kommen. De Heare joech doe Moazes en Aäron opdracht it folk byinoar te roppen en yn har oanwêzigens tsjin in rots te sprekken dat dy wetter jaan soe. Der soe dan genôch wetter foar it folk en it feest út de rots streame. Moazes en Aäron diene lykwols net sekuer wat har sein wie, mar hja hellen in stêf út it hillichdom fan de Heare en rôpen tsjin it folk "moatte wy jimme wetter út de rots komme litte?" en dêrnei sloech Moazes mei de stêf twa kear tsjin de rots. Foar de Heare wie dizze ôfwikende útfiering fan de opdracht in teken dat it fertrouwen op Him net grut wie en dit wie de reden dat Moazes en Aäron sels nea yn it ûnthjitten lân komme mochten (Numeri 20:2-13).

Nettjinsteande dit wurdt Aäron yn Psalm 106:16 de hillige fan de Heare neamd.

De dea fan Aäron

It waard Aäron net tastien om it lân Kanaän yn te gean. Dit wie om't der net harke wie nei God by it wetter fan Meribá. Moazes krige de opdracht om oan de grins fan Edom mei Aäron en syn soan Eleäzar de berch Hor opte gean. Dêr moast Moazes Aäron helpe de amtsklean út te dwaan en se oan de soan te jaan, want Aäron moast dêr stjerre. It folk Israel roude tritich dagen om de dea fan Aäron (Numeri 20:22-29). Neffens in oare tradysje soe Aäron (Harun yn it Arabysk) stoarn wêze op de Jabal Harun (Berch fan Aäron) súdlik fan Petra yn Jordaanje.

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aäron fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.