Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 juny | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 |
<< | Juny | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | |||||
3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 |
10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 |
17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 |
24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 |
2024 |
8 juny is de 159e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 160e). Der folgje noch 206 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1042 - Edward de Belider folget syn ferstoarne healbroer Hardeknoet op as kening fan Ingelân.
- 1076 - Slach by Iselmonde. De Fryske greve Durk V werovert it meastpart fan West-Fryslân op de biskop fan Utert.
- 1783 - De fulkaan Laky op Yslân barst út. De erupsje soe acht moannen duorje, mei nuveraardich kleure loften as gefolch. De troch de wyn meifierde sweveldampen soargje yn gâns West-Jeropa foar mislearre rispingen en mei de dêrnei kommende strange winter, foar tûzenen slachtoffers.
- 1969 - De Nederlandsche Radio Unie en de Nederlandse Televisie Stichting beslute tegearre op te gean yn de Nederlandse Omroep Stichting, NOS.
- 2004 - Fenus giet foar de Sinne lâns, foar it earst sûnt 1882. Op 6 juny 2012 soe it wer barre moatte.
- 2012 - De Fryske Wikipedy hat 25.000 siden
Berne
- 1545 - Karel, kroanprins fan Spanje (don Carlos fan Spanje) († 1568)
- 1625 - Giovanni Domenico Cassini, Italjaansk astronoom († 1712)
- 1746 - Jean Henri van Swinden, Nederlânsk wis- en natuerkundige († 1823)
- 1807 - Verplanck Van Antwerp, Amerikaansk amtner en militêr († 1875)
- 1810 - Robert Schumann, Dútsk komponist en pianist († 1856)
- 1867 - Frank Lloyd Wright, Amerikaansk arsjitekt († 1959)
- 1872 - J.A. Bruins jr., Nederlânsk predikant († 1947)
- 1902 - Abraham Salomon Levisson, oerrabbyn fan Fryslân († 1945)
- 1922 - Wim Meuldijk, Nederlânsk senarioskriuwer († 2007)
- 1922 - Hendrik Miedema, Nederlânsk heechlearaar nammekunde († 2008)
- 1925 - Barbara Bush, Amerikaansk presidintsfrou († 2018)
- 1927 - Jerry Stiller, Amerikaansk komyk en akteur († 2020)
- 1965 - Paul en Stephen Youll, Ingelsk yllustrators en boekbânûntwerpers (twilling)
- 1977 - Kanye West, Amerikaansk rapper en muzykprodusint
- 1986 - Charisma Cappelli, Amerikaansk pornoaktrise
- 1990 - Pien Breeuwsma, Frysk sjongeres
- 1992 - Katt Dylan, Amerikaansk pornoaktrise
- 1999 - Harmony Wonder, Amerikaansk pornoaktrise
Ferstoarn
- 1042 - kening Hardeknút fan Ingelân en Denemark (* 1018/1019)
- 1376 - Edward fan Woodstock (de Swarte Prins), prins fan Wales en kroanprins fan Ingelân (* 1330)
- 1714 - Sofia fan de Palts, hartoginne-gemalinne fan Breunswyk-Lüneburg (* 1630)
- 1768 - Johann Winckelmann, Dútsk keunsthistoarikus en argeolooch (*1717)
- 1794 - Gottfried August Bürger, Dútsk dichter (* 1747)
- 1795 - kening Loadewijk XVII fan Frankryk (* 1785)
- 1845 - Andrew Jackson, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1767)
- 1880 - Marije van Hessen-Darmstadt, keizerinne-gemalinne fan Ruslân (* 1824)
- 1896 - John Gregory Bourke, Amerikaansk militêr en antropolooch (* 1846)
- 1944 - Julius Matthijs van Beyma, Frysk jurist en politikus (* 1877)
- 1979 - Lou Geels, Nederlânsk akteur (* 1908)
- 1981 - Lydia Lopokova, Britsk-Russysk ballerina (* 1892)
- 1999 - Piet Blom, Nederlânsk arsjitekt (* 1934)
- 2006 - Sjoerd van der Schaaf, Frysk sjoernalist en skriuwer (* 1906)
- 2008 - Hendrik Miedema, Nederlânsk heechlearaar nammekunde (* 1922)
- 2013 - Doeke Bekius, Frysk politikus (* 1922)
- 2022 - Julio Jiménez, Spaansk hurdfytser (* 1934)
- 2023 - Renato Longo, Italjaansk hurdfytser (* 1937)
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 juny | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.