Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 desimber | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 |
<< | Desimber | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | ||||||
2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 |
9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 |
16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 |
23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 |
30 | 31 | |||||
2024 |
8 desimber is de 342e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 343e). Der folgje noch 23 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1889 - Op inisjatyf fan Pim Mulier wurdt it Nederlânske Atletyk- en Fuotbalbûn oprjochte.
- 1914 - Slach om de Falklâneilannen tusken it Feriene Keninkryk en Dútslân.
- 1931 - Oktroai op coax-kabel ferliend oan Lloyd Espenschied en Herman Affel.
- 1941 - It ferneatigingskamp Chelmno, Poalen, wurdt troch de Nazi's iepene.
- 1941 - It Kongres fan de Feriene Steaten ferklearet Japan de oarloch. Allinne de froulike ôffeardige Jeannette Rankin stimt tsjin.
- 1944 - By de oerfal op it Hûs fan Bewar yn Ljouwert befrijt it Fryske ferset 51 fersetslju út 'e Blokhûspoarte.
- 1956 - Sluting fan de Olympyske Simmerspullen yn Melbourne.
- 1965 - Prins Claus wurdt by wet naturalisearre ta Nederlanner.
- 1980 - John Lennon wurdt foar syn hús dea sketten troch Mark David Chapman.
- 1982 - Yn Suriname wurde fyftsjin minsken troch it bewâld fan Desi Bouterse ombrocht, de moarden wurde ferneamd as de Desimbermoarden.
- 1991 - Lieders fan Ruslân, de Oekraïne en Wyt-Ruslân tekenje it Akkoard fan Minske, wêrmei in ein komt oan de Sovjet-Uny en wêrmei it Mienebest fan Unôfhinklike Steaten start.
Berne
- 65 f.Kr. - Horatius (Quintus Horatius Flaccus), Romeinsk dichter († 8 f.Kr.)
- 1508 - Gemma Frisius, Frysk geograaf, wiskundige en dokter († 1555)
- 1542 - keninginne Marije I fan Skotlân († 1587)
- 1704 - Anton de Haen, Nederlânsk dokter († 1776)
- 1715 - Jan Althuysen, Frysk skriuwer († 1763)
- 1730 - Hobbe Baerdt fan Sminia, Frysk amtner en politikus († 1813)
- 1853 - Johan Barger, Nederlânsk dûmny en moardner († 1900)
- 1832 - Bjørnstjerne Bjørnson, Noarsk skriuwer, sjoernalist en politikus († 1910)
- 1865 - Jean Sibelius, Finsk komponist († 1957)
- 1895 - Théodore Hersart de la Villemarqué, Bretonsk taalkundige (* 1815)
- 1897 - Oepke Plat, Frysk jirpelkeapman en koardirigint († 1991)
- 1903 - Anje Lok, Frysk ûnderwizer en fersetsman († 1944)
- 1913 - Caitlin Macnamara, Ingelsk skriuwer († 1994)
- 1925 - Sammy Davis jr., Amerikaansk sjonger, dûnser, komyk en akteur († 1990)
- 1928 - Hannes Flesner, Eastfrysk sjonger en lietsjeskriuwer († 1984)
- 1930 - Maximilian Schell, Eastenryksk-Switsersk akteur, regisseur en skriuwer. († 2014)
- 1932 - Charly Gaul, Lúksemboarchsk hurdfytser († 2005)
- 1946 - Paladine Roye, Amerikaansk keunstner († 2001)
- 1952 - Tejo Moerings, Nederlânske byldzjend keunstner († 2021)
- 1966 - Wiebren Veenstra, Frysk hurdfytser
- 1967 - Kascha Papillon, Amerikaansk pornoaktrise
- 1979 - Kamini Zantoko, Frânsk rapper en komyk
- 1980 - Lisa Kelly, Amerikaansk frachtweinsjauffeur en realitypersoanlikheid
- 1984 - Nika Noire, Oekraynsk pornoaktrise
- 1987 - Kacie Castle, Amerikaansk pornoaktrise
Ferstoarn
- 1681 - Gerard ter Borch de Jongere, Nederlânsk keunstskilder (* 1617)
- 1787 - Francis Drake, Ingelsk admiraal en ûntdekkingsreizger (* 1724)
- 1907 - kening Oscar II fan Sweden (* 1829)
- 1978 - Golda Meïr, premier fan Israel (* 1898)
- 1980 - John Lennon, Ingelsk sjonger, muzikant en lietsjeskriuwer (* 1940)
- 1981 - Janna van der Meulen, Frysk reedrider (* 1907)
- 1986 - Anatoli Martsjenko, Sovjet dissidint (* 1938)
- 2009 - Tavo Burat, Italjaansk skriuwer en sjoernalist. (* 1932)
- 2016 - Joop Braakhekke, Nederlânsk telefyzjekok en restauranthâlder (* 1941)
- 2016 - John Glenn, Amerikaansk astronaut en politikus (* 1921)
- 2016 - Peter van Straaten, Nederlânsk cartoonist en yllustrator (* 1935)
- 2020 - Martin Ros, Nederlânsk útjouwer, publisist en literatuerkritikus (* 1937)
- 2023 - Ryan O'Neal, Amerikaansk akteur (* 1941)
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 desimber | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.