Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
30 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 desimber | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 |
<< | Desimber | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | ||||||
2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 |
9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 |
16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 |
23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 |
30 | 31 | |||||
2024 |
7 desimber is de 341e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 342e). Der folgje noch 24 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1631 - De earste, troch Johannes Kepler foarseine Fenusoergong. Dizze waard lykwols net sjoen.
- 1787 - Delaware wurdt, troch de Amerikaanske Grûnwet te ratifisearjen, de 1e steat fan 'e Feriene Steaten.
- 1815 - Michel Ney, Frânsk maarskalk, wurdt eksekutearre foar ferrie, om't er nei't er de Frânske kening trou sward hie wer foar Napoleon fochten hie.
- 1941 - Mei de troch Japan útfierde oanfal op Pearl Harbor, in marinebasis op Hawaï, reitsje de Feriene Steaten by de Twadde Wrâldoarloch belutsen.
- 1972 - Apollo 17 wurdt lansearre. Dit is de lêste Apollo-misje nei de Moanne.
- 1960 - Ivoarkust wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 1982 - Yn de Feriene Steaten wurdt by it útfieren fan de deastraf foar it earst gebrûk makke fan in deadlike ynjeksje.
- 1988 - Yn Armeenje komme by in ierdskodding fan 6.8 op de Skaal fan Richter 25.000 minsken om it libben.
- 2005 - It wurdt mooglik om in domeinnamme mei .eu oan te meitsjen.
- 2010 - De Noardfryske Wikipedy hat 1.000 siden.
Berne
- 1627 - Louise Henriëtte fan Oranje-Nassau, karfoarstinne-gemalinne fan Brandenburch († 1667)
- 1724 - Louise fan Hannover, keninginne-gemalinne fan Denemark-Noarwegen († 1751)
- 1761 - Marie Tussaud, Frânsk waaksenbylde-artyste († 1850)
- 1792 - Abraham Jakob van der Aa, Nederlânsk skriuwer en geograaf († 1857)
- 1834 - Hugo Suringar, Frysk útjouwer († 1911)
- 1854 - Meindert Rozenga, Frysk toanielakteur en -skriuwer († 1901)
- 1862 - Hobbe Smith, Frysk keunstskilder († 1942)
- 1905 - Gerard Kuiper, Nederlânsk-Amerikaansk astronoom († 1973)
- 1924 - Mario Soares, presidint fan Portegal († 2017)
- 1927 - Auke Hettema, Frysk byldhouwer († 2004)
- 1928 - Noam Chomsky, Amerikaansk taalkundige en publisist
- 1948 - Andrés Oliva, Spaansk hurdfytser († 2023)
- 1973 - Ali Raymi, Jemenitisch bokser en militêr († 2015)
- 1986 - Nita Strauss, Amerikaansk gitariste
- 1987 - Aaron Carter, Amerikaansk sjonger († 2022)
- 1995 - Patrick Roest, Nederlânsk reedrider
- 2003 - Catharina-Amalia fan Oranje-Nassau, kroanprinsesse fan Nederlân
Ferstoarn
- 43 f.Kr. - Markus Tullius Sisero, Romeinsk filosoof, jurist en skriuwer (* 106 f.Kr.)
- 1709 - Meindert Hobbema, Nederlânsk keunstskilder (* 1638)
- 1815 - Michel Ney, Frânsk maarskalk (* 1769)
- 1817 - William Bligh, Ingelsk seeman en koloniaal bestjoerder, bekend as kaptein fan 'e Bounty (* 1754)
- 1894 - Ferdinand de Lesseps, Frânsk yngenieur en oanlizzer fan it Suezkanaal (* 1805)
- 1900 - Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt, Frysk jonkhear, aventuerier en socialite (* 1837)
- 1936 - Jean Mermoz, Frânsk fleander (* 1901)
- 2003 - Ad van Seijen, Frysk skriuwer (* 1922)
- 2011 - Kees Hanje, âldste man fan Fryslân (* 1906)
- 2012 - Roelof Kruisinga, Nederlânsk politikus (* 1922)
- 2020 - Ursul de Geer, Nederlânsk presintator, akteur en regisseur (* 1946)
- 2022 - Johan de Jong, Frysk amateur-ornitolooch (* 1941)
30 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 desimber | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.