Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
29 | 30 | 31 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 augustus | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 |
<< | Augustus | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | |||
5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 |
12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 |
19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 |
26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | |
2024 |
5 augustus is de 217e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 218e). Der folgje noch 148 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1667 - Ingelân tekenet de Frede fan Breda mei de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen. Dit ferdrach makket in ein oan 'e Twadde Ingelske Oarloch. Ingelân hâldt New York, mar jout Sint-Eustatius en Saba werom. Ek docht it ôfstân fan Suriname en fan Kormantyn, in fort yn West-Afrika. It fersoepelet de Akte fan Navigaasje en jout syn oanspraken op Pulau Run, yn 'e Banda-eilannen, op. Dit is in grutte oerwinning foar de Republyk en benammen foar riedpinsjonaris Johan de Witt.
- 1754 - De âldst bekende hurdsylwedstryd wurdt beskreaun as Aarnt Hânses, weard yn De Jonge Prins te Grou, in wedstryd fersile lit.
- 1781 - Yn it ramt fan 'e Fjirde Ingelske Oarloch fynt op 'e Noardsee de Slach by de Doggersbank plak. De Ingelske float falt in Steatsk konfoai oan by de Doggersbank. De seeslach einiget feitlik ûnbeslist, mar wurdt yn 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen as in geweldige oerwinning fierd.
- 1851 - It Ferdrach fan Mendota wurdt sletten tusken de Feriene Steaten en de Mdewakanton- en Wahpekûte-stammen fan 'e Eastlike Dakota-Yndianen. Hjirby krije de Feriene Steaten grutte dielen fan súdlik Minnesota yn 'e hannen.
- 1947 - De Earste Polysjonele Aksje yn Nederlânsk-Ynje wurdt beëinige.
- 1971 - It Juckema Siderius Fûns foar maatskiplike en kulturele projekten wurdt ynsteld.
- 2016 - Iepening fan 'e Olympyske Simmerspullen yn Rio de Janeiro.
Berne
- 1715 - Sjarlotte Sofy fan Aldenburch, Eastfrysk ealfrouwe en feministe († 1800)
- 1723 - Marije fan Hannover, lângrevinne-gemalinne fan Hessen-Kassel († 1772)
- 1850 - Guy de Maupassant, Frânsk skriuwer († 1893)
- 1866 - Tjipke Postma, Frysk skipper en folksdichter († 1956)
- 1887 - Hendrik Voordewind, Nederlânsk skriuwer en plysjeman († 1972)
- 1914 - Sem Dresden, Nederlânsk literatuerwittenskipper († 2002)
- 1928 - Clu Gulager, Amerikaansk akteur († 2022)
- 1930 - Neil Armstrong, Amerikaansk astronaut († 2012)
- 1939 - Irene fan Oranje-Nassau, Nederlânsk prinsesse
- 1952 - Geke Faber, Frysk politika en bestjoerder
- 1958 - Sjon Stellinga, Nederlânsk politikus
- 1959 - Pat Smear, Amerikaansk gitarist
- 1961 - Tawny Kitaen, Amerikaansk aktrise en presintatrise
- 1976 - Jewel De'Nyle, Amerikaansk pornoaktrise
- 1978 - Rita Faltoyano, Hongaarsk pornoaktrise
- 1985 - Salomon Kalou, Ivoriaansk fuotballer
- 1987 - Lexi Belle, Amerikaansk pornoaktrise
- 1989 - Veronica van Hoogdalem, Nederlânsk presintatrise
Ferstoarn
- 1157 - greve Durk VI fan Hollân (* 10??)
- 1810 - Gadso Coopmans, Frysk medikus en dichter (* 1746)
- 1881 - Bûnte Sturt (Spotted Tail), opperhaad fan 'e Lakota (* 1823)
- 1895 - Friedrich Engels, Dútsk filosoof en grûnlizzer fan it kommunisme (* 1820)
- 1954 - Pieter Albert Vincent van Harinxma thoe Slooten, Frysk politikus (* 1870)
- 1962 - Marilyn Monroe (Norma Jean Baker), Amerikaansk aktrise en sekssymboal (* 1926)
- 1984 - Richard Burton, Welsk akteur (* 1925)
- 1991 - Soichiro Honda, Japansk autofabrikant (* 1906)
- 1992 - Tante Leen, Nederlânsk sjongeres (* 1912)
- 1999 - Rimma Zjoekova, Russysk reedrydster (* 1925)
- 2000 - Alec Guinness, Ingelsk akteur (* 1914)
- 2006 - Martinus Baaijens, Nederlânsk ûnderwiissaakkundige (* 1916)
- 2022 - Clu Gulager, Amerikaansk akteur (* 1928)
- 2022 - Judith Durham, Australysk sjongeres (* 1943)
29 | 30 | 31 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 augustus | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.