3voor12 is in multimediaal platfoarm foar popmuzyk fan de Nederlânske publike omrop VPRO. 3voor12 waard oprjochte op 15 maaie 1998 en fierde yn maaie 2018 syn tweintichjierrich bestean. [1]
3voor12 hat in útwreide website mei ûnder mear ynterviews, albumresinsjes en festivalferslaggen. Dêrneist hat it platfoarm in radioprogramma op 3FM. Mei syn ferskillende kanalen hat 3voor12 ferskillende prizen yn de wacht sleept, wêrûnder de Fryske Poppriis, de Pop Media Prijs en de Gouden Pixel.
3voor12 docht gauris ferslach fan festivals as Lowlands, Pinkpop, Eurosonic Noorderslag en Into The Great Wide Open.
3voor12 Award
Sûnt 2004 rikt 3voor12 elk jier in priis út foar it bêste Nederlânske album fan it jier. De redaksje fan 3voor12 nominearret tolve albums, wêrnei’t in sjuery fan muzikanten, profesjonals út de muzykyndustryy en publyksleden beslút hokker album de 3voor12 Award wint. Allinnich de Nymweechske rockband De Staat wûn de priis oant no twa kear, yn 2009 foar Wait For Evolution en yn 2016 foar O.
Jier | Artyst | Titel |
---|---|---|
2004 | At the close of every day | The Silja Symphony |
2005 | Voicst | 11-11 |
2006 | Opgezwolle | Eigen Wereld |
2007 | Aux Raus | This Is How This Works |
2008 | De Jeugd Van Tegenwoordig | De Machine |
2009 | De Staat | Wait For Evolution |
2010 | Moss | Never Be Scared/Don't Be A Hero |
2011 | I Am Oak | Oasem |
2012 | Blaudzun | Heavy Flowers |
2013 | Jacco Gardner | Cabinet of Curiosities |
2014 | Typhoon | Lobi Da Basi |
2015 | Hunee | Hunch Music |
2016 | De Staat | O. |
2017 | Sevdaliza | ISON |
2018 | Ray Fuego | Zwart |
2019 | Willem de Bruin | Man in Nood |
2020 | Eefje de Visser | Bitterzoet |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|