Iuwen: 9e fK 8e fK 7e fK 6e fK 5e fK 4e iuw fK 3e fK 2e fK 1e fK 1e 2e
Jierren: 404 fK 403 fK 402 fK 401 fK 400 fK 399 f.Kr. 398 fK 397 fK 396 fK 395 fK 394 fK
Kalinders
Gregoriaanske kalinder 399 f.Kr.
CCCXCIX a.C.
Ab urbe condita 355
Hebriuwske kalinder 3362 – 3363
Hindoekalinders
- Kali Yuga 2703 2704
Sineeske kalinder 2298 2299

戊巳 – 己午

Foarfallen

  • sûnder datum - De Tsientûzen, in leger besteande út Grykske hierlingen, berikt de kust fan 'e Swarte See nei't se har dêrhinne in paad fochten hawwe troch it Perzyske Ryk, alhiel út Mesopotaamje wei.
  • sûnder datum - Yn Egypte set Neferites I út Mendes farao Amyrtéus ôf en grypt sels de macht. Dêrmei stiftet er de 29e Dynasty fan Egypte. Hy makket gebrûk fan de swierrichheden oan it Perzyske Ryk en begjint daliks syn macht oer Palestina út te wreidzjen.
  • sûnder datum - Yn 'e Grykske stêdsteat Atene wurdt de wiisgear Sokrates ta de dea feroardiele om't er in ferdjerlike ynfloed op 'e jongerein hawwe soe. (De wiere reden is dat er tefolle krityk utere hat op 'e machthawwers fan Atene.) Hy wegeret mei te wurkjen oan in plan fan syn freonen om him foàr de follûking fan dat fûnis út it tichthûs te befrijen. Ynstee dêrfan kiest er derfoar om mei te wurkjen oan 'e útfiering fan 'e deastraf, dy't it leechdrinken fan in gifbeker omfiemet.
  • sûnder datum - Under in jachtpartij wurdt kening Archelaüs I fan Masedoanje om hals brocht troch Kratearus. Dêrmei giet Masedoanje in ûnlijige tiid temjitte. Kratearus regearret fjouwer dagen ear't er sels fermoarde wurdt, wêrnei't de jonge Orestes, de soan fan Archelaüs I, kening wurdt ûnder it regintskip fan Airopus.

Berne

Ferstoarn

datum ûnbekend
  • farao Amyrtaios fan Egypte (* 4?? f.Kr.)
  • kening Archelaüs I fan Masedoanje (* 4?? f.Kr.)
  • kening Kratearus fan Masedoanje (* 4?? f.Kr.)
  • Sokrates, Ateensk wiisgear (* 469 f.Kr. of 470 f.Kr.)


Jierren: 404 fK 403 fK 402 fK 401 fK 400 fK 399 f.Kr. 398 fK 397 fK 396 fK 395 fK 394 fK
Iuwen: 9e fK 8e fK 7e fK 6e fK 5e fK 4e iuw fK 3e fK 2e fK 1e fK 1e 2e
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.