Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | (29) | 1 | 2 maart | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 |
<< | Maart | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | ||||
4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 |
11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 |
18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 |
25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 |
2024 |
2 maart is de 61e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 62e). Der folgje noch 304 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1615 - Yn opdracht fan de Steaten fan Grinslân en Drinte hawwe de lânmjitters Pieter de la Haye en Pieter Sems de grins fêststeld tusken beide gewesten. Grinslân akseptearret de útkomst net, omdat Ter Apel dêryn Drintsk wurdt.
- 1796 - Napoleon Bonaparte wurdt beneamd as oerbefelhawwer fan it Frânske leger.
- 1818 - Untdekking fan de grêfkeamer yn de piramide fan Sjefren troch Giovanni Battista Belzoni.
- 1836 - De Konvinsje fan 1836 ropt de ûnôfhinklikheid fan 'e Republyk Teksas út.
- 1889 - It Amerikaanske Kongres nimt in wet oan dy't it Grutte Sû Reservaat, it Yndianereservaat fan 'e Lakota yn it Dakota-territoarium, opheft. De helte fan it lân wurdt frijjûn foar kolonisaasje troch de blanken, en de rest fan it gebiet wurdt opdield yn fiif ôfsûnderlike, lytsere reservaten.
- 1908 - Earste trijediminsjonale foto's fan Gabriel Lippmann.
- 1966 - Earste niertransplantaasje yn Nederlân (akademysk sikehûs yn Leien).
- 1969 - Earste flecht fan 'e Concorde.
- 1983 - Philips en Sony presintearje in nije digitale ynformaasjedrager: de compact disc.
- 2005 - Noard-Nederlân wurdt troffen troch swiere sniefal. Yn Drinte, Grinslân en de kop fan Noard-Hollân falt mear as 20 sm snie, yn Fryslân oant mear as 50 sm.
Berne
- 1459 - paus Adrianus VI (Adriaan Florisz. Boeyens) († 1523)
- 1809 - Wopke Eekhoff, Frysk skiedkundige, argivaris en útjouwer († 1880)
- 1810 - paus Leo XIII († 1903)
- 1820 - Multatuli (Eduard Douwes Dekker), Nederlânsk skriuwer († 1887)
- 1857 - Jelle Dam, Frysk timmerman, oannimmer en politikus († 1935)
- 1898 - Leonard Roggeveen, Nederlânsk ûnderwizer, berneboekeskriuwer en -yllustrator († 1959)
- 1900 - Kurt Weill, Dútsk-Amerikaansk komponist († 1950)
- 1902 - Willem Santema, Fryske fersetsstrider († 1944)
- 1913 - Godfried Bomans, Nederlânsk skriuwer en sjoernalist († 1971)
- 1916 - Anne Vondeling, Frysk politikus († 1979)
- 1922 - Carl Reiner, Amerikaansk akteur en presintator († 2020)
- 1931 - Michail Gorbatsjov, Russysk politikus en lieder fan 'e Sovjet-Uny († 2022)
- 1942 - Heinze Bakker, Frysk sportferslachjouwer († 2021)
- 1943 - Peter Straub, Amerikaansk skriuwer († 2022)
- 1945 - Jan Tromp, Frysk fotograaf en keunstskilder
- 1950 - Karen Carpenter († 1983)
- 1954 - Willem Mook, Frysk tekenlearaar en keunstner († 2019)
- 1955 - Wiebe Bergsma, Frysk histoarikus († 2015)
- 1960 - Peter F. Hamilton, Ingelsk skriuwer
- 1962 - Jon Bon Jovi
- 1966 - Ann Leckie, Amerikaansk skriuwster
- 1982 - Ashley Fires, Amerikaansk pornoaktrise
- 1983 - Rachel Roxxx, Amerikaansk pornoaktrise
- 1985 - Diamond Kitty, Amerikaansk pornoaktrise
- 1988 - Geert Arend Roorda, Frysk fuotballer
- 1989 - Marcel Hirscher, Eastenryksk skyer
- 1993 - Manon Scheepstra, Frysk keatster
- 1994 - Megan Salinas, Amerikaansk pornoaktrise
- 1998 - Tua Tagovailoa
Ferstoarn
- 1122 - greve Floaris II fan Hollân (* 1091)
- 1127 - greve Karel de Goede fan Flaanderen (* ±1080-1086)
- 1316 - Margareta fan Bruce, Skotsk ealfrouwe (* 1283)
- 1316 - Marjorie fan Bruce, Skotsk prinsesse (* 1296)
- 1758 - Johann Baptist Zimmermann, Dútsk keunstskilder (* 1680)
- 1797 - Horace Walpole, Ingelsk skriuwer, keunsthistoarikus en politikus (* 1717)
- 1862 - Franciscus Hessel, Frysk drukker en útjouwer (* 1793)
- 1892 - Annibale de Gasparis, Italjaansk astronoom (* 1819)
- 1939 - Howard Carter, Ingelsk argeolooch (* 1874)
- 1993 - Pieter de Boer, Frysk lânboukundige (* 1906)
- 2006 - Gilles Quispel, Nederlânsk teolooch en kenner fan 'e gnostyk (* 1916)
- 2015 - Rense Westra, Frysk akteur (* 1946)
- 2023 - Jos Heymans, Nederlânsk journalist (* 1951)
23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | (29) | 1 | 2 maart | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | |
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.