Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 1 | 2 july | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 |
<< | July | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 |
8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 |
15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 |
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 |
29 | 30 | 31 | ||||
2024 |
2 july is de 183e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 184e). Der folgje noch 182 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1566 - Nostradamus wurdt moarns dea oantroffen nei't er de deis tefoaren syn ferstjerren foarsein hie.
- 1600 - Yn 'e Slach by Nijpoart ferslacht in Steatsk leger ûnder lieding fan 'e Hollânske steedhâlder Maurits fan Oranje-Nassau in Spaanske troepemacht ûnder Albertus fan Eastenryk.
- 1729 - De ôfsluting fan it Dokkumer Djip is klear.
- 1747 - Slach by Lafelt (Riemst) tusken Frankryk en de Eastenrykske Nederlannen.
- 1881 - Presidint James Garfield fan de VS wurdt delsketten troch Charles J. Guiteau.
- 1900 - Greve Ferdinand fan Zeppelin makket syn earste proefflecht mei in loftskip.
- 1937 - De Amerikaanske piloate Amelia Earhart ferdwynt boppe de Stille Oseaan as se besiket de om de wrâld te fleanen.
- 1990 - 1426 pylgers kommme om yn in fuotgongerstunnel nei Mekka.
- 1998 - Marianne van der E wurdt foar moard feroardield.
- 2002 - Steve Fossett is de earste dy't allinne, en sûnder tuskenlannings om de wrâld fart yn in loftballon.
- 2005 - It Live 8-konsert wurdt holden op 10 plakken op de wrâld om de G8 te freegjen in ein oan 'e earmoede te meitsjen.
Berne
- 419 - keizer Falentinianus III fan it Romeinske Ryk († 455)
- 1739 - Matthias Friese, Dútsk oargenist en oargelbouwer († 1786)
- 1869 - Hjalmar Söderberg, Sweedsk skriuwer, dichter, toanielskriuwer en sjoernalist († 1941)
- 1881 - Jetze Doorman, Frysk skermer († 1931)
- 1899 - Frans Sijtsma, Frysk politikus († 1994)
- 1903 - kening Olaf V fan Noarwegen († 1991)
- 1905 - George Stam, Nederlânsk oargelist, komponist en publisist († 1995)
- 1907 - Eppo Doeve, Nederlânsk keunstskilder en boekbânûntwerper († 1981)
- 1918 - Klaas Sierksma, Frysk heraldikus († 2007)
- 1923 - Wisława Szymborska, Poalsk dichteresse († 2012)
- 1924 - Freark Dam, Frysk sjoernalist, oersetter en dichter († 2002)
- 1925 - Els Perdok, Skiermûntseager wurdboekgearstalster en dichteresse († 2017)
- 1925 - Herman Wigbold, Nederlânsk sjoernalist († 1998)
- 1950 - Agneta Eckemyr, Sweedsk aktrise, model en moade-ûntwerpster († 2018)
- 1959 - Erwin Olaf, Nederlânsk fotograaf († 2023)
- 1963 - Mark Kermode, Ingelsk filmkritikus en muzikant
- 1976 - Erin Burnett, Amerikaansk sjoernaliste en presintatrise
Ferstoarn
- 1298 - Adolf I fan Nassau, Roomsk-kening fan it Hillige Roomske Ryk (* 1250)
- 1633 - Trijntje Keever, Nederlânsk rekôrhâldster (langste frou) (* 1616)
- 1778 - Jean-Jacques Rousseau, Switsersk-Frânsk filosoof, skriuwer en komponist (* 1712)
- 1861 - P.A. de Génestet, Nederlânsk dichter en teolooch (* 1829)
- 1937 - Amelia Earhart, Amerikaansk loftfeartpionier (* 1897)
- 1961 - Ernest Hemingway, Amerikaansk skriuwer en Nobelpriiswinner (* 1899)
- 1963 - Lisa Tetzner, Dútsk berneboekeskriuwster (* 1894)
- 1996 - Gerhard Durlacher, Nederlânsk skriuwer (* 1928)
- 1997 - Suze Boschma-Berkhout, Nederlânsk byldhouster (* 1922)
- 1997 - James Stewart, Amerikaansk akteur (* 1908)
- 1997 - Suze Boschma-Berkhout, Nederlânsk byldzjend keunstner (* 1922)
- 1999 - Mario Puzo, Amerikaansk skriuwer (* 1920)
- 2004 - Marlon Brando, Amerikaansk akteur (* 1924)
- 2008 - Chris Arlman, Nederlânsk politikus (* 1944)
- 2016 - Elie Wiesel, Joadsk-Amerikaansk skriuwer (* 1928)
- 2016 - Renée de Haan, Nederlânsk sjongster (* 1954)
25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 1 | 2 july | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.