Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 1 | 2 desimber | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 |
<< | Desimber | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | ||||||
2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 |
9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 |
16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 |
23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 |
30 | 31 | |||||
2024 |
2 desimber is de 336e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 337e). Der folgje noch 29 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1804 - Yn Parys wurdt Napoleon Bonaparte ta keizer kroand. Hy wuwrdt dêrmei de earste Frânske keizer yn tûzen jier.
- 1805 - Yn de Slach by Austerlitz ferslaan Frânske troepen ûnder Napoleon in kombinearre Russysk-Eastenrykske striidmacht.
- 1848 - Frans Jozef I wurdt Keizer fan Eastenryk.
- 1851 - Ein fan de twadde Frânske Republyk; presidint Lodewyk Napoleon wurdt Keizer Napoleon III fan it twadde Frânske Ryk.
- 1901 - Gillette krijt it oktroai op it ferwikselbere skearmeske.
- 1902 - Yn Froubuorren wurdt in stasjon iepene oan it spoar fan Stiens nei Harns fan de NFLS
- 1959 - De Malpassetdaam yn Frankryk brekt troch, troch de floed dy't ûntstiet komme 421 minsken om it libben.
- 1971 - Seis emiraten foarmje de Feriene Arabyske Emiraten, twa moannen letter soe de sânde derby komme.
- 1975 - Treinkaping by Wijster.
- 1975 - Yn Laos wurdt de republyk útrôpen.
- 1999 - It Feriene Keninkryk jout de politike macht yn Noard-Ierlân oer oan it Noard-Ierske parlemint.
- 2005 - Yn Europa wurdt de nije spulkompjûter fan Microsoft útbrocht, de Xbox 360.
Berne
- 1825 - keizer Piter II fan Brazylje († 1891)
- 1886 - Geart Japiks van den Berg, Frysk rimelder en folksdichter († 1954)
- 1899 - Hannes de Boer, Frysk fierspringer († 1982)
- 1929 - Jaap Boersma, Nederlânsk politikus († 2012)
- 1954 - Huub Stapel, Nederlânsk akteur en presintator
- 1957 - Marco Goldenbeld, Frysk byldzjend keunstner
- 1963 - Boukje Keulen, Frysk reedrydster
- 1968 - Rena Sofer, Amerikaansk aktrise
- 1968 - Nate Mendel, Amerikaansk bassist
- 1981 - Britney Spears, Amerikaansk sjongster
- 1981 - Danijel Pranjić, Koätysk fuotballer
- 1983 - Alyt Damstra, Frysk aktrise
- 1998 - Juice Wrld (Jarad Anthony Higgins), Amerikaansk rapper en sjonger († 2019)
- 1999 - Kelvin Kiptum, Keniaansk atleet († 2024)
Ferstoarn
- 1594 - Gerardus Mercator, Flaamsk kartograaf (* 1512)
- 1814 - Donatien Alphonse François de Sade (markys de Sade), Frânsk skriuwer (* 1740)
- 1828 - Simon Paap, Nederlânsk artyst (* 1789)
- 1875 - Verplanck Van Antwerp, Amerikaansk amtner en militêr (* 1807)
- 1902 - Willem Boele Sophius Boeles, Frysk jurist en histoarikus (* 1832)
- 1910 - Eugene A. Carr, Amerikaansk militêr (* 1830)
- 1925 - George Hugh Bourne, Ingelsk hymneskriuwer en predikant (* 1840)
- 1938 - Gerrit Tromp, Frysk roeier (* 1901)
- 1952 - Arjen Goodijk, Frysk arsjitekt (* 1886)
- 1966 - Bertus Brouwer, Nederlânsk wiskundige (* 1881)
- 1982 - Marty Feldman, Ingelsk komyk (* 1934)
- 1985 - Ype Poortinga, Frysk skriuwer (* 1910)
- 1986 - Desi Arnaz, Kubaansk-Amerikaansk akteur, muzikant en tillefyzjeprodusint (* 1917)
- 1993 - Yge Foppema, Nederlânsk dichter en sjoernalist (* 1901)
- 2004 - Kevin Coyne, Ingelsk muzikant, skriuwer en keunstskilder (* 1944)
- 2005 - Fred Benavente, Nederlânsk akteur en tekstskriuwer (* 1926)
- 2006 - Mariska Veres, Nederlânsk sjongster (* 1947)
- 2020 - Valéry Giscard d'Estaing, presidint fan Frankryk (* 1926)
25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 1 | 2 desimber | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.