Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 desimber | 30 | 31 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 |
<< | Desimber | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | ||||||
2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 |
9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 |
16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 |
23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 |
30 | 31 | |||||
2024 |
29 desimber is de 363e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 364e). Der folgje noch 2 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1170 - Thomas Becket, de aartsbiskop fan Canterbury, wurdt yn syn katedraal fermoarde.
- 1278 - Grevinne Margareta II fan Flaanderen docht troansôfstân yn it foardiel fan har soan Gwijde fan Dampierre.
- 1845 - Troch de Anneksaasje fan Teksas wurdt Teksas as 28e steat opnommen yn 'e Amerikaanske Uny. Dit liedt ta swierrichheden mei Meksiko, dat Teksas noch altyd as in opstannige provinsje beskôget.
- 1876 - De Treinramp fan Ashtabula fynt plak by Ashtabula, yn 'e steat Ohio. Hjirby komme 92 fan 'e 159 ynsittenden fan 'e trein om it libben.
- 1890 - Yn it ramt fan 'e Geastedûnsoarloch fynt by Wounded Knee, yn Súd-Dakota, it Bloedbad fan Wounded Knee plak. Dêrby wurde ûnder barre winterske omstannichheden in grutte groep fan yn 't foar fierhinne ûntwapene oanhingers fan 'e Yndiaanske geastedûnsbeweging troch it Amerikaanske Leger ôfslachte, mei 297 deaden ta gefolch, meast froulju en bern.
- 1891 - De Amerikaanske útfiner Thomas Alva Edison patintearret de radio.
- 1940 - Nazy-Dútslân begjint mei bombardeminten op doelen yn it Feriene Keninkryk.
- 2010 - Op de Frysktalige Wikipedy wurdt úteinsetten mei de Kwissipedy.
Berne
- 1543 - Katarina fan Nassau-Dillenburg, grevinne-gemalinne fan Schwarzburg-Arnstadt († 1624)
- 1721 - Jeanne Antoinette Poisson, markizinne fan Pompadour (Madame de Pompadour), mêtresse fan kening Loadewyk XV fan Frankryk († 1764)
- 1800 - Charles Goodyear, Amerikaansk útfiner en ûndernimmer († 1860)
- 1808 - Andrew Johnson, presidint fan 'e Feriene Steaten († 1875)
- 1828 - Durk Piers Noordmans, Frysk boer en leketeolooch († 1907)
- 1908 - Gerben Sonderman, Frysk piloat en fersetsstrider († 1955)
- 1919 - Pieter Terpstra, Frysk skriuwer en sjoernalist († 2006)
- 1921 - Netty Rosenfeld, Nederlânsk programmamakster en nijslêzer († 2001)
- 1928 - Swaantsje Monderman, Frysk dichteresse († 2007)
- 1931 - Joets, Frysk muzikant († 2008)
- 1934 - Valentina Stenina, Wytrussysk reedrydster
- 1943 - Ulke Brolsma, Frysk skriuwer
- 1950 - Jon Polito, Amerikaansk akteur († 2016)
- 1953 - Max Werner, Nederlânsk drummer († 2024)
- 1972 - Barry Atsma, Nederlânsk-Britsk akteur
- 1978 - Alexis Amore, Perûviaansk pornoaktrise
- 1998 - Paris Berelc, Amerikaansk aktrise en model
Ferstoarn
- 1876 - Philip Bliss, Amerikaansk hymneskriuwer (* 1838)
- 1890 - Bûnte Wapity (Spotted Elk), opperhaad fan 'e Lakota (* 1826)
- 1890 - George D. Wallace, Amerikaansk militêr (* 1849)
- 1916 - Grigori Raspoetin, Russyske mystikus (* 1869)
- 1928 - Eilif Peterssen, Noarsk keunstskilder (* 1852)
- 1980 - Nadezjda Mandelstam, Russysk skriuwster (* 1899)
- 1986 - Uldrik Bottema, Frysk taalaktivist (* 1907)
- 1989 - Wiert Berghuis, Frysk politikus en fersetsstrider (* 1911)
- 1994 - Frank Thring, Australysk akteur (* 1926)
- 1995 - Lita Grey, Amerikaansk aktrise (* 1908)
- 1995 - Simon van Wattum, Nederlânsk sjoernalist en skriuwer (* 1930)
- 2005 - Henk Sprenger, Nederlânsk striptekener (* 1919)
- 2018 - Agneta Eckemyr, Sweedsk aktrise, model en moade-ûntwerpster (* 1950)
- 2020 - Alexi Laiho, Finsk sjonger en gitarist (* 1979)
- 2022 - Willem de Ridder, Nederlânsk keunstner (* 1939)
- 2022 - Pelé, Brazyljaansk fuotballer (* 1940)
- 2022 - Vivienne Westwood, Britsk moadeûntwerpster (* 1941)
- 2022 - Baukje Wytsma, Frysk skriuwster en sjoernaliste (* 1946)
- 2022 - Margriet Eshuijs, Nederlânsk sjongeres (* 1952)
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 desimber | 30 | 31 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.