Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 juny | 29 | 30 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 |
<< | Juny | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | |||||
3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 |
10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 |
17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 |
24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 |
2024 |
28 juny is de 179e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 180e). Der folgje noch 186 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1353 - Albrecht fan Beieren, hartoch fan Beieren, greve fan Hollân, trout mei Margaretha fan Brieg.
- 1389 - It Servyske leger wurdt troch de Turken finaal ferslein yn de Slach op it Lysterfjild (Kosovo Polje); dit betsjutte de ein fan it Servyske ryk en it begjin fan de 500 jier duorjende Ottomaanske oerhearsking fan grutte dielen fan súdeast Europa.
- 1581 - De stêd Breda wurdt by ferrassing troch Spaanske troepen ynnomd.
- 1787 - Prinses Wilhelmina besiket fanút Nymwegen De Haach te berikken om steun te krijen. Hja wurdt by Vlist oanholden en nei Goejanverwelleslûs brocht.
- 1840 - Kening Kristiaan VIII fan Denemark wurdt kroand.
- 1846 - Yn Frankryk krijt de Belch Adolphe Sax it patint op in seis jier earder troch him útfûne blaasynstrumint: de saksofoan.
- 1914 - Yn Sarajevo wurdt aartshartoch Frâns Ferdinand fan Eastenryk, de troanopfolger fan Eastenryk-Hongarije, fermoarde troch de Servyske nasjonalist Gavrilo Princip. Dit sil presys in moanne letter liede ta it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch.
- 1935 - Earste kristallisaasje fan in firus troch Wendell Stanley.
- 1968 - De lêste frachttram rydt oer de tramwei Snits-Boalsert.
Berne
- 1170 - kening Waldemar II fan Denemark († 1241)
- 1491 - kening Hindrik VIII fan Ingelân en Ierlân († 1547)
- 1568 - Johan van den Sande, Nederlânsk jurist en skiedkundige († 1638)
- 1577 - Peter Paul Rubens, Flaamsk keunstskilder en diplomaat († 1640)
- 1712 - Jean-Jacques Rousseau, Switsersk-Frânsk filosoof († 1778)
- 1742 - William Hooper, Amerikaansk politikus († 1790)
- 1783 - Jan Cornelis Pieter Salverda, Frysk dichter en skriuwer († 1836)
- 1794 - Sjoerd Bonga, Frysk topografysk tekener en skilder († 1865)
- 1804 - Franz Meyen, Dútsk biolooch († 1840)
- 1908 - Rintsje Ritsma, Frysk skûtsjeskipper en brêgewachter († 2012)
- 1917 - Wim Sonneveld, Nederlânsk kabaretier († 1974)
- 1924 - Hyke Koopmans, Frysk keunstner († 2010)
- 1927 - Boris Sjilkov, Russysk reedrider († 2015)
- 1928 - Pieter Jan Tichelaar, Frysk ûndernimmer († 2020)
- 1934 - Georges Wolinski, Frânsk striptekener († 2015)
- 1935 - Aad van den Heuvel, Nederlânske sjoernalist, programmamakker en skriuwer († 2020)
- 1952 - Gregory J. Bonann, Amerikaansk telefyzjeprodusint
- 1954 - Raffaella De Laurentiis, Italjaansk film- en tillefyzjeprodusinte
- 1955 - Eberhard van der Laan, Nederlânsk abbekaat en PvdA-politikus († 2017)
- 1965 - Alex van Galen, Nederlânsk senario- en romanskriuwer
- 1974 - Rob Dyrdek, Amerikaansk presintator, produsint, akteur en skateboarder
- 1991 - Kevin De Bruyne Belgysk fuotballer
Ferstoarn
- 1061 - greve Floaris I fan Hollân (* ±1025)
- 1119 - Rogier fan Salerno, regint fan it prinsdom Antiochië (* 10??)
- 1598 - Abraham Ortelius, Flaamsk kartograaf (* 1527)
- 1836 - James Madison, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1751)
- 1914 - aartshartoch Frâns Ferdinand fan Eastenryk (* 1821)
- 1943 - Philipp Heck, Dútsk jurist en rjochtshistoarikus (* 1858)
- 1963 - Roeffie Vermeulen, Frysk hurdsiler (* 1906)
- 1989 - Joris Ivens, Nederlânsk regisseur en filmprodusint (* 1898)
- 1994 - Jan Wybenga, Frysk skriuwer (* 1917)
- 2002 - André Roosenburg jr. Nederlânsk keatser (* 1951)
- 2006 - Jim Baen, Amerikaansk útjouwer (* 1943)
- 2012 - Piet Ekel, Nederlânsk akteur (* 1921)
- 2015 - Wiebe Bergsma, Frysk histoarikus (* 1955)
Bisten
- 2005 - Eastland Cash, ferneamde fokbolle (* 1991)
21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 juny | 29 | 30 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.