Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 juny | 27 | 28 | 29 | 30 | 1 | 2 | 3 |
<< | Juny | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | |||||
3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 |
10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 |
17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 |
24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 |
2024 |
26 juny is de 177e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 178e). Der folgje noch 188 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1321 - Earstestienlizzing fan 'e Dom fan Utert.
- 1492 - Antoine de Ville, in Frânsk ofsier, beklimt yn opdracht fan kening Karel VIII de Mont Aiguille, in berch yn Frankryk. Dit wurdt algemien beskôge as de berte fan it alpinisme.
- 1657 - Mei de oanname fan 'e saneamde Tender of Union giet it Keninkryk Skotlân formeel op yn it Protektoraat, dat al bestiet út Ingelân, Wales, Ierlân en Man. Hjirmei ûntstiet foar it earst in steatsferbân dat de hiele arsjipel fan 'e Britske Eilannen omfiemet.
- 1945 - It hânfêst fan 'e Feriene Naasjes wurdt ûndertekene.
- 1946 - Fuotbalferiening Harkemase Boys wurdt oprjochte.
- 1960 - Madagaskar wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 1963 - De Amerikaanske presidint John F. Kennedy hâldt yn Berlyn in taspraak dy't ferneamd wurdt om 'e útspraak Ich bin ein Berliner.
- 1974 - Ynfiering fan 'e Universal Product Code, yn 'e foarm fan de bekende streekjeskoades.
- 1997 - De Ingelske skriuwster J.K. Rowling publisearret de roman Harry Potter and the Philosopher's Stone, it earste diel fan har Harry Potter-rige.
- 2002 - It earste Iepen Frysk Kampioenskip Klompkesilen (IFKK) wurdt holden yn Heech.
Berne
- 1694 - Georg Brandt, Sweedske skiekundige († 1768)
- 1795 - Hessel Brandenburgh, Frysk boekdrukker-útjouwer († 1880)
- 1801 - Rein Baukes Windsma, Frysk skoalmaster en dichter († 1862)
- 1847 - Marcus van Heloma, Frysk rjochter en bestjoerder († 1922)
- 1898 - Willi Messerschmitt, Dútsk fleantúchûntwerper († 1978)
- 1898 - Chesty Puller, Amerikaansk militêr († 1971)
- 1908 - Salvador Allende, presidint fan Sily († 1973)
- 1921 - Jan Willem Bezemer, Nederlânsk heechlearaar Russyske skiednis († 2000)
- 1922 - Eleanor Parker, Amerikaansk aktrise († 2013)
- 1923 - Frans Tutuhatunewa, Súd-Moluksk presidint yn ballingskip († 2016)
- 1936 - Haye Thomas, Nederlânsk sjoernalist en ferslachjouwer († 1996)
- 1943 - Foppe de Haan, Frysk fuotbaltrener
- 1961 - Greg LeMond, Amerikaansk hurdfytser
- 1962 - Steven de Jong, Frysk regisseur en filmprodusint
- 2005 - Alexia fan Oranje-Nassau, Nederlânsk prinsesse
Ferstoarn
- 363 – keizer Julianus Apostata fan it Romeinske Ryk (* 331)
- 1541 - Francisco Pizarro, Spaansk conquistador (* 1476)
- 1810 - Joseph Michel Montgolfier, útfiner fan de loftballon (* 1740)
- 1830 - kening George IV fan it Feriene Keninkryk (* 1762)
- 1867 - kening Otto I fan Grikelân (* 1815)
- 1939 - Ford Madox Ford, Ingelsk skriuwer, dichter, kritikus en redakteur (* 1873)
- 1963 - Obe Postma, Frysk dichter (* 1868)
- 1964 - Gerrit Rietveld, Nederlânsk arsjitekt en meubelûntwerper (* 1880)
- 1990 - Klaas van Dijk, Nederlânsk byldhouwer en keunstskilder (* 1913)
- 1990 - Myra Ward, Nederlânsk aktrise (* 1916)
- 1990 - Johan Mulder, Frysk politikus (* 1920)
- 1993 - Willy van Hemert, Nederlânsk regisseur (* 1912)
- 1996 - Veronica Guerin, Iersk sjoernaliste (* 1958)
- 2011 - Klaske Folmer, Frysk foardrachtskeunstneresse (* 1926)
- 2018 - Klaas Hendrikse, Nederlânsk predikant (* 1947)
- 2020 - Bernhard van Haersma Buma, Nederlânsk politikus (* 1932)
Bisten
19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 juny | 27 | 28 | 29 | 30 | 1 | 2 | 3 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.