Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 augustus | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 1 | 2 |
<< | Augustus | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | |||
5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 |
12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 |
19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 |
26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | |
2024 |
26 augustus is de 238e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 239e). Der folgje noch 127 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1601 - De Nederlânske ûntdekkingsreizger Olivier fan Noort keart werom fan in reis om 'e wrâld fan hast trije jier.
- 1652 - Yn it ramt fan 'e Earste Ingelske Oarloch ferslacht de Steatske float de Ingelsen yn 'e Slach by Plymouth.
- 1978 - Jehannes Paulus I wurdt keazen ta paus.
- 1972 - Iepening fan 'e Olympyske Simmerspullen yn München.
- 1991 - Oezbekistan ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Sovjet-Uny.
- 2003 - Dykfersakking yn Wilnis: de ringdyk fan 'e polder Groot-Mijdrecht brekt troch as gefolch fan útdrûging fan 'e feankade troch de foarôfgeande hjitteweach.
- 2008 - Ruslân erkent de ûnôfhinklikheid fan Abgaazje en Súd-Osseesje.
- 2008 - Yn 'e Yndiaaske stêd Bombay begjint in fjouwer dagen duorjende rige oanslaggen troch islamistyske terroristen op ferskate doelen (wêrûnder it Taj Mahal Palace Hotel). Dêrby komme 175 minsken om.
- 2012 - Iepening fan it Wrâldkampioenskip keatsen 2012 yn Frjentsjer.
Berne
- 1687 - Willem de Fesch, Nederlânsk komponist en fioelist († 1757)
- 1740 - Joseph Michel Montgolfier, Frânsk ballonfarder († 1810)
- 1743 - Antoine Lavoisier, Frânske skiekundige († 1794)
- 1769 - Johannes ter Pelkwijk, Nederlânsk politikus († 1834)
- 1810 - Marten Annes Ypma, Frysk predikant († 1861)
- 1819 - Albert fan Saksen-Coburg-Gotha, prins-gemaal fan it Feriene Keninkryk († 1861)
- 1832 - Charles DeRudio, Italjaansk-Amerikaansk militêr († 1910)
- 1856 - Tabo Sytstra, Frysk skriuwer († 1925)
- 1861 - Émile Hamonic, Bretonsk útjouwer en fotograaf († 1943)
- 1872 - prins Bernard fan Lippe, Dútsk ealman en heit fan Bernhard fan Lippe-Biesterfeld († 1934)
- 1901 - Jan de Quay, premier fan Nederlân († 1985)
- 1915 - Andrew Gronholdt, Amerikaansk boatebouwer en houtbewurker († 1998)
- 1956 - Auke Scholma, Frysk dammer
- 1959 - Piter Wilkens, Frysk sjonger
- 1978 - Mya Luanna, Taisk pornoaktrise
- 1980 - Macaulay Culkin, Amerikaansk akteur.
- 1980 - Chris Pine, Amerikaansk akteur.
- 1987 - Riley Steele, Amerikaansk pornoaktrise
- 1990 - Koen Verweij, Nederlânsk hurdrider
Ferstoarn
- 1278 - kening Ottokar II fan Bohemen (* 1232)
- 1486 - karfoarst Ernst fan Saksen (* 1441)
- 1666 - Frans Hals, Flaamsk-Nederlânsk skilder (* 1583)
- 1723 - Antoni van Leeuwenhoek, Nederlânsk mikrobiolooch (* 1632)
- 1907 - Pieter Lodewijk Tak, Nederlânsk politikus (* 1848)
- 1974 - Charles Lindbergh, Amerikaansk piloat en loftfeartpionier (* 1902)
- 1985 - Piet Jongeling, Frysk sjoernalist, fersetsstrider, politikus en berneboekeskriuwer (* 1909)
- 2002 - Thomas Gordon, Amerikaansk psycholooch (* 1918)
- 2010 - Ton van Duinhoven, Nederlânsk sjoernalist, akteur en tekstskriuwer (* 1921)
- 2013 - John Kuipers, Nederlânsk akteur, dûnser en koreograaf (* 1937)
- 2018 - Melis van Seijen, Frysk útjouwer, boekhanneler en muzykprodusint (* 1926)
- 2020 - Pieter Jan Tichelaar, Frysk ûndernimmer (* 1928)
19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 augustus | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 1 | 2 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.