Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 july | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 1 |
<< | July | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 |
8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 |
15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 |
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 |
29 | 30 | 31 | ||||
2024 |
25 july is de 206e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 207e). Der folgje noch 159 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1488 - De Portegeeske seefarder Bartolomeus Dias fart as earste Jeropeaan om Kaap de Goede Hoop (de súdpunt fan Afrika) hinne.
- 1909 - De Frânske piloat Louis Blériot fljocht as earste it Kanaal oer.
- 1945 - Winston Churchill ferliest tsjin 'e ferwachting yn de Britske ferkiezings.
- 1952 - It ferdrach oer de oprjochting fan 'e Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel giet yn.
- 1968 - Paus Paulus VI feroardielet yn syn (iennichste) ensyklyk Humanae Vitae alle meganyske en gemyske middels ta bertebeheining.
- 1980 - In treinbotsing by it Grinslânske Winsum easket njoggen libbens.
- 1992 - Iepening Olympyske Simmerspullen yn Barseloana.
- 2010 - In trein sjit jûns let by it stasjon Starum troch de stjitblokken hinne, rydt dwers troch in wettersportwinkel en stoppet 100 m fierder op in plein. Twa ûnderhâldslju reitsje ferwûne.
Berne
- 1109 - kening Alfûns I fan Portugal († 1185)
- 1336 - Albrecht fan Beieren, hartoch fan Beieren-Straubing, greve fan Hollân, Seelân en Henegouwen († 1404)
- 1818 - Johann Jakob von Tschudi, Switsersk biolooch († 1889)
- 1865 - Jac. P. Thijsse, Nederlânsk natoerbeskermer en publisist († 1945)
- 1898 - Fedde Schurer, Frysk dichter, sjoernalist en taalaktivist († 1968)
- 1905 - Elias Canetti, Bulgaarsk-Britsk skriuwer († 1994)
- 1939 - Sytze van der Zee, Nederlânsk sjoernalist en skriuwer
- 1941 - Manny Charlton, Skotsk gitarist († 2022)
- 1945 - Joseph Delaney, Ingelsk skriuwer († 2022)
- 1968 - Jack de Vries, Frysk politikus
- 1970 - Billy Glide, Amerikaansk pornoakteur († 2014)
- 1976 - Tera Patrick, Amerikaansk pornoaktrise
Ferstoarn
- 306 - keizer Konstantius Kloarus fan it Romeinske Ryk (* 250)
- 1230 - boarchgreve Rudolf II fan Coevorden (* 1192)
- 1433 - Sibet Papinga, Eastfrysk haadling, hear fan Rjustringen (* 1394)
- 1471 - Tomas fan Kempen, Nederlânsk preester, skriuwer en mystikus (* 1380)
- 1846 - Loadewyk Napoleon Bonaparte, kening fan Hollân (* 1846)
- 1858 - Hobbe Baerdt fan Sminia, Frysk politikus (* 1797)
- 1890 - Hearke Tjerks Witteveen (Sterke Jerke), Frysk fjildwachter, legindarysk om syn krêft (* 1801)
- 1961 - Nescio (Jan Hendrik Frederik Grönloh), Nederlânsk skriuwer (* 1882)
- 1982 - Harold Foster, Amerikaansk striptekener (* 1892)
- 1999 - Helena Wanda Błażusiakówna, Twadde Wrâldkriich oerlibbende (* 1926)
- 2003 - Ludwig Bölkow, Dútsk loftfeartpionier (* 1912)
- 2010 - Henk Vonhoff, Nederlânsk politkus (* 1931)
- 2020 - Olivia de Havilland, Britsk-Amerikaansk aktrise (* 1916)
- 2021 - Tsjisse Hettema, Frysk skriuwer en dichter (* 1955)
18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 july | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 1 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.