Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 maart | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 |
<< | Maart | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | ||||
4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 |
11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 |
18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 |
25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 |
2024 |
22 maart is de 81e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 82e). Der folgje noch 284 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1491 - Fetkeapers brâne de stins fan de Sjaerdas yn Toppenhuzen plat.
- 1621 - Hugo de Groot wit yn in boekekiste te ûntsnappen út syn finzenskip yn slot Loevestein.
- 1888 - Under feanarbeiders yn Appelskea brekt in grutte staking út; begjin fan de organisearre stakingen yn Nederlân.
- 1933 - Presidint Roosevelt ûnthjit in ein ein te meitsjen oan de (mislearre) Drûchlizzing yn de Feriene Steaten.
- 1945 - Yn Kairo wurdt de Arabyske Liga stifte.
- 1946 - Jordaanje wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 1962 - De telefoansintrale fan Warffum wurdt as lêste oansluten op it Nederlânske automatisearre net
- 1977 - It Kabinet-Den Uyl falt.
- 1994 - It lêste Nederlânske ljochtskip wurdt ferfongen troch in boei.
- 1995 - Kosmonaut Valery Polyakov komt nei in rekordferbliuw fan 438 dagen yn de romte werom op de Ierde.
Berne
- 1459 - keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk († 1519)
- 1599 - Antoon van Dyck, Flaamsk keunstskilder († 1641)
- 1645 - Hidde Sjoerds de Vries, Frysk marine-ofsier († 1694)
- 1797 - keizer Willem I fan Dútslân († 1888)
- 1824 - Jan Bogtstra, Frysk ûndernimmer en politikus († 1916)
- 1887 - Chico Marx, Amerikaansk komyk en akteur († 1961)
- 1932 - Els Borst, Nederlânsk politika († 2014)
- 1941 - Bruno Ganz, Switsersk akteur († 2019)
- 1942 - Fred Vaassen, Nederlânsk akteur († 2018)
- 1946 - Max van den Berg, Nederlânsk politikus
- 1946 - Martha van Wichen-Schol, Frysk wurdboekgearstalster en dichteresse († 2004)
- 1952 - Marijke Geertsma, Frysk aktrise
- 1963 - John Ringo, Amerikaansk skriuwer
- 1975 - Sandra Dark, Litousk pornoaktrise
- 1977 - Giovanca, Nederlânsk sjongster
- 1996 - Jonas Dassler, Dútsk akteur
Ferstoarn
- 1322 - Eelko Liaukama, Frysk abt (* ±1260)
- 1832 - Johann Wolfgang von Goethe, Dútsk skriuwer (* 1749)
- 1839 - Oluf Braren, Noardfrysk keunstskilder (* 1787)
- 1858 - Eeltsje Hiddes Halbertsma, Frysk skriuwer en dokter (* 1797)
- 1924 - Robert Nivelle, Frânsk generaal (* 1856)
- 1974 - Ulbe van Houten, Frysk skriuwer (* 1904)
- 2001 - Sabiha Gökçen, Turksk gefjochtspiloat (* 1913)
- 2005 - Jan Dijkstra, Frysk metaalwurker (* 1928)
- 2011 - Hans Boskamp, Nederlânsk fuotballer en akteur (* 1932)
- 2016 - Rob Ford, Kanadeesk politikus (* 1969)
- 2019 - Frans Andriessen, Nederlânsk politikus (* 1929)
15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 maart | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.