Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 maart | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 |
<< | Maart | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | ||||
4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 |
11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 |
18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 |
25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 |
2024 |
20 maart is de 79e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 80e). Der folgje noch 286 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1602 - De Feriene Eastyndyske Kompanjy wurdt oprjochte.
- 1703 - Yn Japan wurde 46 fan de Sânenfjirtich Rōnin twongen om seppuku (rituele selsmoard) te dwaan, nei't se wraak nommen hawwe foar de dea fan harren lienhear, Naganori Asano, troch dejinge te fermoardzjen dy't dêrfoar ferantwurdlik wie, hear Yoshinaka Kira.
- 1815 - Napoleon komt werom yn Parys nei syn ûntsnapping fan Elba.
- 1890 - Otto fan Bismarck wurdt ûntslein as Dútsk rykskanselier.
- 1916 - Albert Einstein publisearret syn algemiene relativiteitsteory.
- 1920 - oprjochting fuotbalklub SC De Jouwer
- 1956 - Tuneezje krijt harren ûnôfhinklikheid fan Frankryk.
- 1995 - Yn 'e metro fan 'e Japanske haadstêd Tokio fynt in gifgasoanfal plak. De oanfal, mei it tige gefaarlike saringas, wurdt útfierd troch 10 leden fan 'e Aum Shinrikyō-sekte, ien fan de nije religieuze bewegings fan Japan. Der falle 12 deaden, en 6.252 minsken reitsje ferwûne.
- 2003 - De Irakkriich set útein troch de ynvaazje fan de FS en har bûnsmaten op Irak.
Berne
- 43 f.Kr. - Ovidius, Romeinsk dichter († 17 of 18)
- 1634 - Balthasar Bekker, Frysk predikant en teolooch († 1698)
- 1735 - Torben Olof Bergman, Sweedske skiekundige († 1784)
- 1811 - keizer Napoleon II fan Frankryk († 1832)
- 1825 - Age Johannes Snoek, Frysk boer († 1863)
- 1828 - Henrik Ibsen, Noarsk toanielskriuwer († 1906)
- 1830 - Eugene A. Carr, Amerikaansk militêr († 1910)
- 1842 - Charley Reynolds, Amerikaansk gids en ferkenner († 1876)
- 1867 - Sjouke de Zee, Frysk skriuwer en propagandist († 1954)
- 1870 - Paul von Lettow-Vorbeck, Dútsk generaal († 1964)
- 1870 - Wietske de Ruiter, Nederlânsk hokkyster
- 1875 - Jouke Broer Schuil, Frysk skriuwer en toanielkritikus († 1960)
- 1895 - Klaas Dijkstra, Frysk amateurwittenskipper en morosoof († 1969)
- 1906 - Jikke Ozinga, hotelhâldster en markant Snitser († 1996)
- 1952 - Koos Tiemersma, Frysk skriuwer
- 1978 - VanVelzen, Nederlânsk muzikant
- 1983 - Elma de Vries, Frysk hurdrydster
Ferstoarn
- 1413 - kening Hindrik IV fan Ingelân (* 1367)
- 1549 - Thomas Seymour, Ingelsk politikus en diplomaat (* 1508)
- 1614 - Henricus Antonides Nerdenus, Nederlânsk teolooch (* 1546)
- 1619 - keizer Mattias fan it Hillige Roomske Ryk (* 1557)
- 1650 - Ambrosius Gellius fan Hylckama, Frysk politikus en jurist (* 1583)
- 1688 - Marije fan Oranje-Nassau, grevinne-gemalinne fan 'e Palts-Simmern (* 1642)
- 1866 - Rikard Nordraak, Noarsk komponist (* 1842)
- 1909 - Sientje van Houten, Nederlânsk keunstskilderesse (* 1834)
- 1919 - Pauline Markham, Ingelsk-Amerikaansk aktrise en dûnseresse (* 1847)
- 1926 - Anatole Le Braz, Bretonsk dichter en folklorist (* 1859)
- 1926 - Louise fan Sweden, keninginne-gemalinne fan Denemark (* 1851)
- 1934 - Emma fan Waldeck-Pyrmont, keninginne-gemalinne en regintesse fan Nederlân (* 1858)
- 1981 - Lauri Pihkala, Finsk sporter, militêr en útfiner (* 1888)
- 1981 - Irving Jaffee, Amerikaansk reedrider (* 1906)
- 2004 - keninginne Juliana fan de Nederlannen (* 1909)
- 2012 - Herman Broekhuizen, Nederlânsk dirigint, programmamakker, skriuwer en komponist (* 1922)
- 2020 - Kenny Rogers, Amerikaansk sjonger (* 1938)
- 2022 - Piet Paulusma, Frysk waarman (* 1956)
13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 maart | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.