Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 juny | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 |
<< | Juny | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | |||||
3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 |
10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 |
17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 |
24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 |
2024 |
20 juny is de 171e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 172e). Der folgje noch 194 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1756 - Yn Kalkutta wurdt in grutte kloft Britske kriichsfinzenen troch de soldaten fan 'e nawab fan Bingalen yn in fierstente lytse tsjerker troppe. Yn dat 'Swarte Gat fan Kalkutta' komme de measten fan harren om ear't moarns de doar wer iepengiet. De Britske Eastyndyske Kompanjy sjocht dit foarfal as in casus belli en in reden om Bingalen te feroverjen.
- 1863 - West-Firginia wurdt as 35e steat talitten ta de Amerikaanske Uny.
- 1873 - De Yellowstone-ekspedysje giet fan start. Dat is in militêre ekspedysje fan it Amerikaanske Leger, mei as doel om in gaadlike rûte te sykjen foar de oanlis fan it spoar fan 'e Northern Pacific Railroad by de rivier de Yellowstone lâns, yn Montana.
- 1895 - It Noard-Eastseekanaal of it Kieler Kanaal, fan 'e Noardsee nei de Eastsee troch Holstein hinne, wurdt iepene.
- 1948 - De Alliëarde besettingsmacht fiert yn West-Dútslân de D-mark yn.
- 1955 - Yn 'e Filipinen is in gâns lange sinnefertsjustering waar te nimmen.
- 1960 - Maly en Senegal wurde ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 1990 - De asteroïde Eureka wurdt ûntdutsen.
- 1998 - Fryslân 500: it provinsjebestjoer ûnder lieding fan kommissaris fan de keninginne Loek Hermans wol dat der fierd wurdt dat Fryslân as provinsje 500 jier bestiet. Dêr bestiet in protte ferset tsjin, mei't it ûntstean fan Fryslân as provinsje yn 1498 ek de ein fan 'e Fryske selsstannigens betsjutte.
Berne
- 1566 - kening Sigismund III fan Poalen en Sweden († 1632)
- 1864 - Pier Pander, Frysk byldhouwer en medaljeur († 1919)
- 1883 - Leah Baird, Amerikaansk aktrise († 1971)
- 1896 - Taeke Cnossen, Frysk sjoernalist en bestjoerder († 1988)
- 1920 - Pieter Gerbenzon, Frysk heechlearaar rjochtsskiednis († 2009)
- 1923 - Marcus Bakker, Nederlânsk politikus († 2009)
- 1923 - Rudi Hemmes, Nederlânsk fersetsstrider en kommandant fan de loftmacht († 2022)
- 1942 - Brian Wilson, Amerikaansk muzikant en lietsjeskriuwer
- 1946 - Bote Wilpstra Nederlânsk politikus († 2021)
- 1973 - Joo Min Lee, Frânsk pornoaktrise
Ferstoarn
- 840 - keizer Loadewyk de Fromme fan it Frankyske Ryk (* 778)
- 1597 - Willem Barents, Skylger seefarder en ûntdekkingsreizger (* ±1550)
- 1837 - kening Willem IV fan it Feriene Keninkryk (* 1765)
- 1925 - Josef Breuer, Eastenryksk dokter en filosoof (* 1842)
- 1955 - Kor Ket, Frysk fioelist en dirigint (* 1920)
- 1955 - Nanne Ottema, Frysk konservator (* 1874)
- 1981 - Gerrit Bosch, Frysk natoerbeskermer (* 1893)
- 1988 - Alex Bein, Dútsk-Israelysk skiedkundige en argivaris (* 1903)
- 1998 - Conrad Schumann, Eastdútsk oerrinner (* 1942)
- 1999 - Bauke Bies, Frysk dammer (* 1916)
- 2002 - Nina Baanders-Kessler, Frysk byldhouwster en medaljeur (* 1915)
- 2002 - Tinus Osendarp, Nederlânsk atleet (* 1916)
- 2007 - Bart Tromp, Nederlânsk sosjolooch en politikolooch (* 1944)
- 2015 - John Eskes, Frysk muzikant, dirigint en komponist (* 1951)
13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 juny | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.