Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 july | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 |
<< | July | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 |
8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 |
15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 |
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 |
29 | 30 | 31 | ||||
2024 |
19 july is de 200e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 201e). Der folgje noch 165 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1195 - Yn 'e Slach by Alarcos wurdt kening Alfûns VIII fan Kastylje ferneatigjend ferslein troch de Almohaden.
- 1553 - Marije Tudor, ek bekend as Bloody Mary, wurdt keninginne fan Ingelân.
- 1572 - Earste Frije Steatengearkomste yn Doardt. Tolve stêden dogge hjiroan mei. Op dizze gearkomste wurdt de grûnslach lein foar de steatshúshâlding fan 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen.
- 1843 - Tewetterlitting fan it earste, folslein metalene steamskip, de SS Great Britain.
- 1870 - Nei jierren fan oprinnende spannings ferklearret Frankryk de oarloch oan Prusen; hjirmei begjint de Frânsk-Dútske Oarloch.
- 1881 - It Lakota-opperhaad Sittende Bolle keart werom nei de Feriene Steaten út in fiifjierrige ballingskip yn Kanada.
- 1900 - Iepening yn Parys fan de earste Frânske metroline.
- 1908 - Oprjochting fan Rotterdamske fuotbalklub Feijenoord.
- 1932 - De earste stien fan 'e Pelikaantsjerke yn Ljouwert wurdt lein.
- 1943 - De "iepen stêd" Rome wurdt troch de Alliëarden bombardearre.
- 1952 - Iepening Olympyske Simmerspullen yn Helsinki.
- 1980 - Iepening Olympyske Simmerspullen yn Moskou.
- 1996 - Iepening Olympyske Simmerspullen yn Atlanta.
- 1999 - De seis-miljardste minske wurdt berne. Symboalysk wurdt as sadanich in poppe út Sarajevo, yn it troch oarloch ferskuorde Bosnje-Hertsegovina, oanwiisd.
Berne
- 1801 - Taco Roorda, Frysk letterkundige († 1874)
- 1814 - Samuel Colt, Amerikaansk wapensmid en ûndernimmer († 1862)
- 1834 - Edgar Degas, Frânsk keunstskilder († 1917)
- 1898 - Herbert Marcuse, Dútsk-Amerikaansk filosoof († 1979)
- 1899 - Paul de Groot, Nederlânsk kommunist († 1986)
- 1919 - Henri Willem Karel Huyssen van Kattendijke, Nederlânsk politikus († 1994)
- 1921 - Frans Haarsma, Frysk preester, teolooch en heechlearaar († 2009)
- 1922 - George McGovern, Amerikaansk politikus († 2012)
- 1934 - Willem Nijholt, Nederlânsk akteur en sjonger († 2023)
- 1947 - Brian May, Ingelsk gitarist
- 1952 - Johanneke Liemburg, Frysk politika
- 1954 - Ferd Crone, Nederlânsk politikus
- 1964 - Henk Rouwé, Frysk roeier
- 1970 - Nicola Sturgeon, premier fan Skotlân
- 1976 - Eric Prydz, Sweedsk DJ en muzykprodusint
- 1989 - Jenny Poussin, Kanadeesk glamour-, fitness- en neakenmodel
Ferstoarn
- 1234 - greve Floaris IV fan Hollân (* 1210)
- 1333 - Aleksander fan Bruce, greve fan Carrick, Skotsk ealman (* 1???)
- 1333 - Kenneth fan Moraavje, 4e greve fan Sutherland, Skotsk ealman (* 1279)
- 1374 - Francesco Petrarca, Italjaansk dichter en humanist (* 1304)
- 1627 - Dirck Camphuysen, Nederlânsk dichter en filosoof (* 1586)
- 1923 - Sipke Huismans, Frysk predikant en frisiast (* 1873)
- 1934 - Lammert Skeltes Hilarides, Frysk keatser (* 1868)
- 1937 - Egnatius Ydema, Frysk keunstskilder (* 1876)
- 1939 - Willem Cornelis de Groot, Frysk arsjitekt (* 1853)
- 1954 - Coen de Koning, Nederlânsk hurdrider (* 1879)
- 1955 - Koos Vorrink, Nederlânsk politikus (* 1891)
- 1968 - Clyde Warrior, Amerikaansk aktivist (* 1939)
- 1980 - Hans Morgenthau, Amerikaansk-Dútsk politikolooch (* 1904)
- 1986 - Alfredo Binda, Italjaansk hurdfytser (* 1902)
- 2012 - Hendrik Willem ter Haar, Frysk geriater (âlderein-dokter) (* 1922)
- 2015 - Sybren Polet, Nederlânsk dichter (* 1924)
- 2016 - Garry Marshall, Amerikaansk akteur en regisseur (* 1934)
- 2019 - Rutger Hauer, Nederlânsk akteur (* 1944)
- 2023 - Remigius Valiulis, Litousk atleet (* 1958)
12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 july | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.