1980-er jierren | ||
De Fal fan de Berlynske Muorre yn 1989. | ||
<< 1970-er jrn • 1980-er jrn • 1990-er jrn >> | ||
1980 • 1981 • 1982 • 1983 • 1984 1985 • 1986 • 1987 • 1988 • 1989 |
De 1980-er jierren, ek oantsjut as de tachtiger jierren en de jierren ’80, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1981 en duorre it oant en mei 31 desimber 1990, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1980 oant en mei 31 desimber 1989. Dit desennium belibbe in lêste oplibbing fan 'e Kâlde Oarloch foar't dat wrâldwide konflikt belune en tsjin 1990 praktysk ta in ein kaam mei de ûntmanteling fan it Izeren Gerdyn en de Fal fan de Berlynske Muorre. Yn it Midden-Easten kamen ûnder de Earste Intifada de Palestinen yn 'e besette gebieten yn opstân tsjin 'e Israelyske oerhearsking, wylst eastliker de Iraaksk-Iraanske Oarloch frijwol it hiele desennium trochgie. Fierders briek de AIDS-epidemy út, wie der hongersneed yn Etioopje en waard de grûnslach lein foar lettere konflikten, mar tagelyk klaude de wrâldekonomy wer by de wâl op en wie der in soad technologyske foarútgong.
Oersjoch
De 1980-er jierren wiene it lêste desennium fan 'e Kâlde Oarloch. De konfrontaasje tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny late oer de hiele wrâld ta oarloch en rebûlje, mar benammen yn Afrika en Midden-Amearika. De beide supermachten stipen opstannen yn lannen dy't de bûnsgenoaten fan 'e tsjinpartij wiene. De Angoleeske Boargeroarloch, de Gûatemalteekske Boargeroarloch, de Mozambikaanske Boargeroarloch, de Nikaragûaanske Boargeroarloch, de Salvadoraanske Boargeroarloch, de Súdafrikaanske Grinsoarloch yn Namybje en de striid fan 'e guerriljabeweging Ljochtsjend Paad yn Perû binne guon fan 'e konflikten dy't dêrtroch feroarsake of oanboaze waarden. Sels wie de Sovjet-Uny aktyf behelle yn 'e Russysk-Afgaanske Oarloch, dy't yn 1979 begûn wie en pas yn 1989 einige mei it weromlûken fan 'e lêste Sovjet-soldaten út Afganistan. Underwilens diene de Amerikanen yn 1983 in ynfal yn Grenada, doe't yn dat Karibyske minysteatsje in kommunistysk regear oan 'e macht kaam, bombardearren se yn 1986 Lybje en diene se yn 1989 in ynfal yn Panama.
Geandewei de earste helte fan 'e tachtiger jierren boazen de spannings tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny sterk oan, nei't de Amerikaanske presidint Ronald Reagan it eardere belied fan non-konfrontaasje nei de foddekoer ferwiisde en him folle agressiver opstelde as syn direkte foargongers. De wrâld kaam nuodlike ticht by it útbrekken fan oarloch, mar fan 'e midden fan it desennium ôf belunen de spannings doe't yn 'e Sovjet-Uny Michail Gorbatsjov oan 'e macht kaam, dy't in herfoarmingspolityk fan glasnost ("iepenheid") en perestrojka ("werstrukturearring") úteinsette. Der folgen ferskate topmoetings tusken Reagen en Gorbatsjov, wêrby't ferdraggen sletten waarden dy't de wapenwedrin tusken de supermachten ta in ein brochten. Tsjin 'e ein fan 'e 1980-er jierren waard de Kâlde Oarloch yn 'e praktyk frijwol beëinige troch de Fal fan it Izeren Gerdyn, wêrby't de fazalsteaten fan 'e Sovjet-Uny yn East-Jeropa har losmakken fan 'e Russyske oerhearsking. Dat gie mank mei û.m. de Fal fan de Berlynske Muorre yn 'e DDR, de freedsume Ferwielen Revolúsje yn Tsjechoslowakije en tige gewelddiedige Roemeenske Revolúsje yn Roemeenje.
Ek los fan 'e Kâlde Oarloch wiene der yn 'e tachtiger jierren gâns konflikten yn 'e wrâld. De Libaneeske Boargeroarloch rûn nei in Israelyske yntervinsje yn 1982 út op 'e Libaneeske Gizelderskrisis, wêrby't tsientallen Westerske gizelders jierrenlang fêstholden waard troch benammen sjiïtyske groepearrings. Oare mânske konflikten yn it Midden-Easten wiene de Earste Intifada, in Palestynske opstân tsjin 'e Israelyske besetting fan it Westjordaanlân en de Gaza-stripe, en de slepende Iraansk-Iraakske Oarloch tusken de buorlannen Iraan en Irak. Oan 'e ein fan it desennium briek yn 'e Kaukasus de Nagorno-Karabachske Oarloch út tusken Armeenje en Azerbeidzjan, wat in foarboade wie fan ferskate oare etnyske konflikten yn dy regio yn 'e 1990-er jierren.
Yn 'e Westerske wrâld waard oan it begjin fan 'e tachtiger jierren de AIDS-epidemy ûnderkend, dêr't tsjin 2013 wrâlwiid nei skatting 39 miljoen minsken oan stoarn wiene. Fermiddens fan wittenskip en polityk rekken fierders yn 'e twadde helte fan it desennium bekend mei de ferskynsels klimaatferoaring en broeikaseffekt. Yn 'e islamityske wrâld ûntjoech it islamisme him yn 'e tachtiger jierren ta in ynfloedrike politike streaming. In soad terroristyske organisaasjes, wêrûnder Al-Qaida, waarden oan 'e ein fan it desennium oprjochte.
De 1980-er jierren brochten grutte sosjaal-ekonomyske feroarings fanwegen technologyske foarútgong en in wrâldwide beweging by planekonomysk tinken wei en yn 'e rjochting fan kapitalisme dat de frije leie jûn waard. De opkomst fan 'e kleau tusken earm en ryk, de almar oprinnende skea dy't publike ynstellings sûnt oprûn hawwe troch de gefolgen fan deregulearring, en oanboazjende boom-bust-ynvestearringssykly binne allegearre dêrop werom te fieren, ynklysyf de Bankekrisis fan 2007. Yn 'e 1980-er jierren begûnen multinationals ek foar it earst op grutte skaal harren fabrikaazje-aktiviteiten oer te bringen út 'e Westerske wrâld nei lege-leanelannen, lykas Tailân, Meksiko, Súd-Koreä, Taiwan en Sina. De beide lannen dy't yn dit desennium de grutste ekonomyske groei trochmakken, wiene Japan en West-Dútslân.
Untwikkelingslannen yn ferskate dielen fan 'e wrâld hiene yn 'e tachtiger jierren te kampen mei ekonomyske en sosjale swierrichheden dy't it gefolch wiene fan ûnderskate skuldekrises. In soad fan dy lannen moasten dêrom foar help oanklopje by it Ynternasjonaal Monetêr Fûns (IMF) en de Wrâldbank. Etioopje makke yn 'e midden fan it desennium, ûnder it korrupte regear fan diktator Mengistu Haile Mariam, in grutte hongersneed troch. It lân rekke fan it bûtenlân ôfhinklik om 'e eigen befolking te fieden, wat oanlieding joech ta ferskate goeddiedichheidsaksjes yn it Westen, mei as bekendste it gelegenheidsensemble Band Aid, dat yn 1984 it nûmer Do They Know It's Christmas? opnaam.
Yn 'e 1980-er jierren waard grutte foarútgong makke op it mêd fan 'e genetika en de digitale technology. Nei jierren fan dierproeven waard yn 1985 de earste genetyske modifikaasje yn tsien folwoeksen minsken trochfierd. De earste poppen wêrfan't yn 't foar op kontroversjele wize it geslacht útkeazen wie, waarden ein 1989 oanmakke yn in laboratoarium, om yn july 1990 berne te wurden. Yn 1985 waard foar it earst in draachmem ynset foar it foldragen fan in poppe fan âlden dy't dat sels net koene. Yn deselde snuorje waard troch kompjûterwittenskippers de grûnslach lein foar it lettere ynternet, sadat der tsjin 1989 in globaal systeem ûntstien wie dat gebrûk makke fan satelliten om in wrâldwiid netwurk te kreëarjen dat neitiid de ynfrastruktuer fan it ynternet wurde soe. De Britske ynformatikus Tim Berners-Lee hie tsjin 1989 it konsept fan it ynternet al hielendal formalisearre.
Wichtichste foarfallen
- 26 febrewaris - Yn Suriname fynt in steatsgreep plak. Der komt in militêre gûnta oan it bewâld ûnder lieding fan Desi Bouterse.
- 24 maart - Moard op Oscar Romero, de aartsbiskop fan San Salvador, dy't opkomt foar de earmen yn El Salvador.
- 30 maart - De massale begraffenis fan Oscar Romero yn El Salvador rint út op in bloedbad as slûpskutters it fjoer iepenje op it roufolk.
- 18 april - Simbabwe wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 30 april - Troanswikseling yn Nederlân: keninginne Julianna abdisearret en wurdt opfolge troch har dochter Beatrix. It plechtich barren yn Amsterdam giet mank mei grutskalige gefjochten tusken kreakers en de plysje.
- 4 maaie - Ferstjerren fan Josip Broz Tito, de lieder fan Joegoslaavje.
- 18 maaie - Utbarsting fan 'e Mount St. Helens, in fulkaan yn 'e Amerikaanske steat Washington. Der falle 57 deaden.
- 30 july - Fanûatû wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk en Frankryk.
- 23 septimber - Iraakske troepen falle it buorlân Iraan binnen: it begjin fan 'e slepende Iraaksk-Iraanske Oarloch.
- 2 desimber - Ferkrêfting fan en moard op 4 Amerikaanske nonnen dy't as misjonaris nei El Salvador ta kommen wiene, troch leden fan it Salvadoraanske leger.
- 8 desimber - Popstjer John Lennon wurdt fermoarde troch de geastlik steurde Mark David Chapman.
- 1 jannewaris - Grikelân wurdt lid fan 'e Jeropeeske Mienskip.
- 20 jannewaris - Mei de frijlitting fan 'e Amerikaanske gizelders komt nei 444 dagen in ein oan 'e Iraanske Gizelderskrisis.
- 30 maart - De Amerikaanske presidint Ronald Reagan oerlibbet in moardoanslach troch John Hinckley, in geastlik steurde fan fan aktrise Jodie Foster.
- 21 septimber - Belize wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 12 oktober - De Egyptyske presidint Anwar Sadat wurdt fermoarde.
- 1 novimber - Antigûa en Barbûda wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 4 desimber - Siskei wurdt as fjirde fan 'e swarte thúslannen ûnôfhinklik fan Súd-Afrika.
- 11 desimber - By it Bloedbad fan El Mozote wurde likernôch 1.000 boargers fermoarde troch it leger fan El Salvador.
- 7 maart - Moard op 4 Nederlânske sjoernalisten fan 'e IKON yn El Salvador, troch leden fan it Salvadoraanske leger.
- 2 april - Argentynje beset de Britske Falklâneilannen, yn 'e súdlike Atlantyske Oseaan, en lokket dêrmei de Falklânoarloch út.
- 26 april - Israel jout it besette Sinaï-skiereilân werom oan Egypte.
- 14 juny - De Argentynske troepen op 'e Falklâneilannen jouwe har oer.
- 30 augustus - De Palestynske befrijingsorganisaasje PLO wurdt twongen en lûk him tebek út Libanon.
- 16 septimber - Under de Israelysk-Libaneeske Oarloch makket it Israelyske leger it mooglik dat kristlike Libaneeske milysjes de troch Israel belegere Palestynske flechtlingekampen Sabra en Sjatila yngeane, om dêr twa dagen lang safolle te moardzjen en te ferkrêftsjen as se mar wolle.
- 18 augustus - De orkaan Alicia kostet yn it suden fan 'e Feriene Steaten 21 minsken it libben en rjochtet foar $1,7 miljard oan skea oan.
- septimber - Yn noardlik Irak komme de Koerden yn opstân: it begjin fan 'e Sechsde Koerdysk-Arabyske Oarloch.
- 19 septimber - Sint-Kits en Nevis wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 23 oktober - Oanslaggen op de Amerikaanske en Frânske militêre haadkertieren yn 'e Libaneeske haadstêd Beirût. Hjirby komme 333 minsken om.
- 25 oktober - Ynfal yn Grenada troch Amerikaanske en alliëarde troepen, om te foarkommen dat yn dat Karibyske steatsje in kommunistysk regear oan 'e macht komt.
- 9 novimber - Untfiering fan Freddy Heineken.
- 15 novimber - De Turkske Republyk Noard-Syprus ropt de ûnôfhinklikheid út.
- 1 jannewaris - Brûnei wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 1 jannewaris - Yn Fryslân wurdt in grutskalige gemeentlike weryndieling trochfierd.
- 6 juny - By Operaasje Blauwe Stjer bestoarmet it Yndiaaske leger de Gouden Timpel fan Amritsar, it hillichste plak fan 'e sikhs, dat beset holden wurdt troch in groep nasjonalistyske Sikhs ûnder lieding fan Jarnail Singh Bhindranwale.
- 12 oktober - Bomoanslach op it Grand Brighton Hotel yn it Ingelske Brighton troch it Ierske Republikeinske Leger (IRA). Yn it hotel wurdt in konferinsje fan 'e Konservative Partij holden en dêr ferbliuwt sadwaande ek de Britske premier Margaret Thatcher, dy't it doelwyt fan 'e oanslach is. Der falle 5 deaden, mar Thatcher rekket net ferwûne.
- 31 oktober - De Yndiaaske premier Indira Gandhi wurdt fermoarde troch twa fan har Sikh-liifwachten, by wize fan wraak foar de bestoarming fan 'e Gouden Timpel fan Amritsar.
- 25 novimber - Op inisjatyf fan Bob Geldof nimt en grut tal popstjerren yn Londen ûnder de namme Band Aid it nûmer Do They Know It's Christmas? op om jild yn te sammeljen foar de slachtoffers fan 'e hongersneed yn Etioopje.
- 3 desimber - By de Giframp fan Bhopal falle yn 'e Yndiaaske stêd Bhopal tûzenen deaden as út in gemysk fabryk fan it Amerikaanske bedriuw Union Carbide in wolk tige giftich metylisosyanaat ûntsnapt.
- 21 febrewaris - De Trettjinde Alvestêdetocht wurdt wûn troch Evert van Benthem.
- 11 maart - Nei it ferstjerren fan Konstantin Tsjernjenko wurdt Michail Gorbatsjov beneamd ta de nije siktaris-generaal fan 'e Sovjet-Uny.
- 29 maaie - It Heizeldrama: by slimme opskuor tusken oanhingers fan 'e fuotbalklubs Juventus FC en Liverpool FC falle yn it Heizelstadion yn Brussel 38 deaden.
- 25 juny - Air India-flecht 182 stoart del yn 'e Atlantyske Oseaan besuden Ierlân troch in bomoanslach troch Kanadeeske Sikhs. Alle 329 ynsittenden komme om.
- 10 july - Der fynt yn 'e haven fan Auckland, yn Nij-Seelân, in bomoanslach plak op it skip de Rainbow Warrior, fan 'e miljeubeskermingsorganisaasje Greenpeace. De dieders binne leden fan 'e Frânske geheime tsjinst. By de oanslach komt de Nederlânske fotograaf Fernando Pereira om.
- 20 augustus - Yn 'e Feriene Steaten rekket de polityk yn ûnstjoer as it Iran-Contraskandaal oan it ljocht komt: it regear fan presidint Ronald Reagan hat wapens ferkocht oan fijân Iraan en it dêrmei fertsjinne jild trochskood nei de Contra-rebellen yn Nikaragûa.
- 19 septimber - By de swiere ierdbeving fan Meksiko-Stêd falle teminsten 5.000 en mooglik wol 45.000 deaden.
- 1 oktober - De Israelyske loftmacht fiert in bombardemint út op it PLO-haadkertier yn Tunis. Dêrby komme 270 minsken om it libben, foar it meastepart Tunezyske boargers.
- 1 jannewaris - Spanje en Portegal wurde lid fan 'e Jeropeeske Mienskip.
- 1 jannewaris - Arûba kriget in status aparte binnen it Keninkryk fan 'e Nederlannen, en makket him dêrmei bestjoerlik los fan 'e Nederlânske Antillen.
- 1 jannewaris - Flevolân wurdt de tolfde provinsje fan Nederlân.
- 28 jannewaris - It Amerikaanske romtefear de Challenger ûntploft koart nei't it opstige is. Alle sân astronauten oan board komme om.
- 6 febrewaris - By in revolúsje yn Haïty wurdt diktator Jean-Claude Duvalier ôfset.
- 22 febrewaris - By de saneamde Folksmachtrevolúsje wurdt op 'e Filipinen diktator Ferdinand Marcos ôfset en opposysjeliedster Corazon Aquino oan 'e macht brocht.
- 26 febrewaris - De Fjirtjinde Alvestêdetocht wurdt wûn troch Evert van Benthem.
- 28 febrewaris - De Sweedske premier Olof Palme wurdt yn Stokholm op 'e strjitte deasketten.
- 15 april - De Feriene Steaten fiere bombardeminten út op 'e Libyske haadstêd Tripoly, nei oprinnende spannings mei de Libyske lieder Mûammar Kadaffy.
- 26 april - Kearnramp fan Tsjernobyl: der docht him in ûntploffing foar yn 'e kearnsintrale fan Tsjernobyl, yn 'e Oekraïne (part fan 'e Sovjet-Uny). Dêrtroch rekket in grut diel fan Jeropa tydlik radioaktyf besmet, en in gebiet om 'e sintrale hinne foar tûzenen jierren.
- 21 oktober - De Marshalleilannen wurde ûnôfhinklik fan 'e Feriene Steaten.
- 3 novimber - Mikroneezje wurdt ûnôfhinklik fan 'e Feriene Steaten.
- 20 jannewaris - Op it hichtepunt fan 'e Libaneeske Gizelderskrisis wurdt Terry Waite, de gesant fan 'e aartsbiskop fan Canterbury, dy't stjoerd wie om te bemiddeljen by de frijlitting fan 'e gizelders, sels yn gizeling nommen.
- 6 maart - Foar de Belgyske kust sinkt de fearboat MS Herald of Free Enterprise, wêrby't 193 opfarrenden om it libben komme.
- 18 novimber - By de brân yn it King's Cross-metrostasjon yn Londen komme 31 minsken om.
- 8 desimber - Under de Palestinen yn 'e troch Israel besette gebieten, it Westjordaanlân en de Gaza-stripe, brekt in opstân út, dy't de namme Earste Intifada kriget.
- 20 febrewaris - Yn 'e Kaukasus brekt de Nagorno-Karabachske Oarloch út tusken Armeenje en Azerbeidzjan.
- 17 maart - By de troch it Iraakske leger útfierde gifgasoanfal op Halabja komme yn noardlik Irak sa'n 5.000 Koerdyske boargers om it libben.
- 3 july - It Iraanske ferkearsfleantúch Iran Air-flecht 655 wurdt boppe de Perzyske Golf by fersin delsketten troch de USS Vincennes, Amerikaansk marineskip. Alle 290 ynsittenden komme om.
- 15 novimber - De Steat Palestina ropt de ûnôfhinklikheid út.
- 7 desimber - By de ierdbeving fan Spitak komme yn Armeenje 25.000 oant 50.000 minsken om it libben.
- 21 desimber - By in bomoanslach op Pan Am-flecht 103 komme by it Skotske Lockerbie 270 minsken om it libben.
- 15 febrewaris - De Sovjet-Uny lûkt syn lêste troepen werom út Afganistan, wêrmei't nei tsien jier in ein komt oan 'e Russysk-Afgaanske Oarloch.
- 24 maart - De tanker de Exxon Valdez rjochtet op 'e kust fan Alaska in ûnbidige miljeuramp oan as it skip lekslacht en it ekwivalint fan 260.000 oant 750.000 fetten rouwe ierdoalje ferliest.
- 15 april - By de Hillsborough-ramp yn it Ingelske Sheffield wurde 94 minsken deadrukt as by in fuotbalwedstryd tusken Liverpool FC en Nottingham Forest FC yn it Hillsboroughstadion tefolle publyk nei binnen ta litten wurdt yn in mei hege stekken ôfsletten fak.
- 2 maaie - Hongarije begjint as earste Eastbloklân mei de ûntmanteling fan it Izeren Gerdyn.
- 3 juny - Ajatolla Rûholla Chomeiny, de geastlik lieder fan Iraan, komt te ferstjerren.
- 4 juny - De studinteprotesten op it Plein fan de Himelske Frede yn Peking wurde troch it Sineeske Folksbefrijingsleger bloedich ûnderdrukt mei tûzenen deaden ta gefolch.
- 19 july - United Airlines-flecht 232 ferûngelokket yn Sioux City, yn 'e Amerikaanske steat Iowa, as de piloaten in needlâning prebearje nei't se de kontrôle oer it fleantúch kwytrekke binne. Fan 'e ynsittenden komme 111 om, mar 185 oerlibje it.
- 24 augustus - Tadeusz Mazowiecki wurdt de earste net-kommunistyske premier fan Poalen sûnt de Twadde Wrâldoarloch.
- 6 septimber - Underdrukking fan 'e opstân fan 'e Koerden yn noardlik Irak: de ein fan 'e Sechsde Koerdysk-Arabyske Oarloch.
- 17 oktober - By de swiere ierdbeving fan Loma Prieta, yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, falle 63 deaden en wurdt foar $5,6 miljard oan skea oanrjochte.
- 9 novimber - Fal fan de Berlynske Muorre.
- 16 novimber - Moard op 6 jezuïten, harren húshâldster en dy har dochter yn El Salvador, troch leden fan it Salvadoraanske leger.
- 17 novimber - Yn Tsjechoslowakije begjint de Ferwielen Revolúsje, dy't oer in perioade fan seis wiken op freedsume wize in ein makket oan it kommunistysk bewâld yn it lân.
- 16 desimber - Yn Roemeenje brekt de uterst gewelddiedige Roemeenske Revolúsje út, dy't in ein makket oan it bewâld fan diktator Nicolae Ceauşescu.
- 20 desimber - Amerikaanske troepen dogge in ynfal yn Panama om diktator Manuel Noriega ôf te setten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|