1950-er jierren
De Hongaarske Opstân fan 1956.
De Hongaarske Opstân fan 1956.
<< 1940-er jrn    1950-er jrn    1960-er jrn >>
1950      1951      1952      1953      1954
1955      1956      1957      1958      1959

De 1950-er jierren, ek oantsjut as de fyftiger jierren en de jierren ’50, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1951 en duorre it oant en mei 31 desimber 1960, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1950 oant en mei 31 desimber 1959. Dit wie it desennium fan 'e weropbou nei de ferwuostgings fan 'e Twadde Wrâldoarloch, dat gearfoel mei it oanboazjen fan it konflikt tusken de Westerske wrâld en it Eastblok yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch. De Koreaanske Oarloch, de Hongaarske Opstân fan 1956, de Kubaanske Revolúsje en de heksejacht op kommunisten yn 'e Feriene Steaten wiene hichtepunten fan dat konflikt. It dekolonisaasjeproses soarge foar noch mear striid, mei as wichtichste brânhurden de Earste Yndosineeske Oarloch yn Súdeast-Aazje, de Algerynske Oarloch yn 'e Magreb en de Mau-Mau-rebûlje yn East-Afrika. Ek de Suëzkrisis, wêrby't pynlik dúdlik waard dat it Feriene Keninkryk en Frankryk gjin wrâldmachten mear wiene, kin yn dat ljocht sjoen wurde. Underwilens sette yn 'e Feriene Steaten de Amerikaanske boargerrjochtebeweging útein en waard yn kultureel opsjoch risselwearre foar de revolúsje op alderhanne mêd dy't folgje soe yn 'e 1960-er jierren.

Oersjoch

De 1950-er jierren stiene yn Jeropa fierhinne yn it teken fan 'e weropbou nei de Twadde Wrâldoarloch, dy't oan 'e ein fan it desennium fierhinne foltôge wie. Dit wie fierders it earste folsleine desennium fan 'e Kâlde Oarloch, dy't yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren útbrutsen wie tusken de kapitalistyske Feriene Steaten en de kommunistyske Sovjet-Uny. Geandewei de fyftiger jierren boaze dy striid almar fierder oan, oant it tsjin it begjin fan 'e 1960-er jierren in wrâldomfiemjend konflikt wurden wie dat troch it foarútsjoch fan in kearnoarloch it fuortbestean fan 'e minskheid bedrige.

It hichtepunt fan 'e Kâlde Oarloch yn 'e 1950-er jierren wie de Koreaanske Oarloch tusken it kapitalistyske Súd-Koreä en it kommunistyske Noard-Koreä, dy't yn 1950 útbriek en op grutte skaal dea en ferwuostging brocht op it Koreaanske Skiereilân. Dat wie it iennichste striidtoaniel dêr't twa fan 'e (úteinlik) trije supermachten fan 'e wrâld, de Feriene Steaten en de Folksrepublyk Sina, ea direkt mei-inoar yn oarloch rekken. Fierders briek yn 1955 yn Súdeast-Aazje de Fjetnamoarloch (of Twadde Yndosineeske Oarloch) út tusken it kapitalistyske Súd-Fjetnam en it kommunistyske Noard-Fjetnam, mar dat konflikt soe in regionale striid bliuwe, dy't op wrâldnivo net fan folle betsjutting wie, oant de Feriene Steaten har der yn 'e rin fan 'e 1960-er jierren hieltyd aktiver mei begûnen te bemuoien.

Underwilens wie de Sovjet-Uny, behalven mei de weropbou fan it yn 'e Twadde Wrâldoarloch suver hielendal ferwuostge westen fan it lân, dwaande mei de konsolidaasje fan 'e macht dy't de kommunisten yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren yn East-Jeropa nei harren talutsen hiene. Dêr wie in hiele rige fazalsteaten kreëarre, it saneamde Eastblok, dêr't kommunistyske regearings oan 'e macht holpen wiene dy't fungearren as sokpoprezjyms foar de Sovjet-Uny. Geandewei de 1950-er jierren waarden alle bannen ferbrutsen dy't noch bestiene tusken West-Jeropa en it Eastblok, in proses dat yn 1961 foltôge wurde soe mei de bou fan 'e Berlynske Muorre tusken East- en West-Berlyn.

Barrikades yn Algiers ûnder de Algerynske Oarloch.

De Hongaarske Opstân fan 1956 wie de wichtichste wjerstân dêr't de Sovjet-Uny mei ôfweve moast om syn hearskippij oer East-Jeropa feilich te stellen. Yn 'e twadde helte fan it desennium begûn de ynfloed fan 'e Sovjet-Uny him nei de Trêde Wrâld út te wreidzjen, mei as wichtichtse foarbyld de Kubaanske Revolúsje, dy't fan Kuba, oan 'e Amerikaanske súdkust, in kommunistyske steat makke ûnder it liederskip fan Fidel Castro. Underwilens wiene de Feriene Steaten yn 'e greep rekke fan it anty-kommunisme, dat yn 'e earste helte fan 'e fyftiger jierren útwoeks ta in wiere heksejacht op Amerikaanske kommunisten troch senator Joseph McCarthy. Yn dyselde snuorje kaam yn it suden fan 'e Feriene Steaten de Amerikaanske Boargerrjochtbeweging op, dy't him oankante tsjin rasseskieding en diskriminaasje.

It dekolonisaasjeproses, dat yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren stadich op gong kommen wie yn Aazje, sette him dêr yn 'e fyftiger jierren fuort en makke yn 'e twadde helte fan dat desennium ek in begjin yn Afrika. Dat gie net sûnder slach of stjit. Yn Kenia waard in protte bloed fergetten wylst de Britten de Mau-Mau-rebûlje besochten te ûnderdrukken, en yn 'e Magreb gie it noch mâlder doe't de Frânsen it yn 'e Algerynske Oarloch opnamen tsjin Algerynske frijheidsstriders. Yn Súdeast-Aazje besocht Frankryk fierders yn 'e Earste Yndosineeske Oarloch út alle macht om Fjetnam as koloanje te behâlden, mar nei de jammerdearlike nederlaach yn 'e ferneamde Slach by Dien Bien Phu, yn 1954, moasten de Frânsen dêr belies jaan. De Suëzkrisis fan 1956 markearre de definitive ein fan it Feriene Keninkryk en Frankryk as wrâldmachten.

De Kâlde Oarloch wie fan grutte ynfloed op 'e wittenskip, mei't bgl. oan 'e ein fan 'e 1950-er jierren mei de lansearring fan 'e Spûtnik 1 de Romtewedrin tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny op gong kaam, dy't oan 'e ein fan 'e 1960-er jierren útmûnje soe yn 'e earste moannelâning. Fierders wie der in grutte taname yn it tal kearnproeven dat útfierd waard. De atoombom waard ferbettere ta de wetterstofbom. Oare technologyske fernijings yn 'e fyftiger jierren wiene de transistorradio, dy't fan 1954 ôf de ferkeap fan lytse draachbere radio's mooglik makken, en fierders de útfinings fan it sinnepaniel en de keunststof polypropyleen, beide yn 1954. Iepenbier ferfier mei it ferkearsfleantúch waard gongber, hoewol't it yn 't earstoan inkeld betelber wie foar de riken, en drugs as LSD waarden ûntwikkele. Francis Crick en James Watson ûntdieken de dûbele-heliks-struktuer fan DNA. Yn 1955 stalde Jonas Salk it faksên foar polio gear, sadat in begjin makke wurde koe mei it útrûgjen fan dy sykte.

De Amerikaanske rock 'n roll-sjonger Elvis Presley hie yn 1957 in wrâldwide hit mei it nûmer Jailhouse Rock.

Ekonomysk wie de wrâld yn 'e 1950-er jierren noch by de wâl op oan it klauwen, út 'e djippe bedelte dêr't de Twadde Wrâldoarloch him ynstoarten hie. Kultureel waard yn 'e Westerske maatskippij in oanrin nommen nei de revolúsje fan 'e 1960-er jierren. Jazz waard mear symfoanysk en minder brassbandeftich, mei artysten as Frank Sinatra, Bing Crosby, Doris Day, Judy Garland en Nat King Cole. Nije muzyksoarten as rockabilly en rock 'n roll waarden populêr, mei artysten as Chuck Berry, Fats Domino, Little Richard, Bo Diddley, Buddy Holly, Jerry Lee Lewis en Elvis Presley. Op it wite doek makken yn 'e fyftiger jierren sokke aktrises karriêre as Marilyn Monroe, Brigitte Bardot, Lauren Bacall, Doris Day, Ava Gardner, Rita Hayworth, Audrey Hepburn, Katharine Hepburn, Grace Kelly, Sophia Loren, Shirley MacLaine, Jayne Mansfield en Ginger Rogers. Manlike akteurs fan namme wiene û.m. Fred Astaire, Humphrey Bogart, Marlon Brando, Yul Brynner, Gary Cooper, Errol Flynn, Cary Grant, Charlton Heston, Rock Hudson en John Wayne.

Amerikaanske mariniers yn aksje yn 'e strjitten fan Seoel, ûnder de Koreaanske Oarloch (1950).

Wichtichste foarfallen

1950
1951
In Britske patrûlje yn Kenia, ûnder de Mau-Mau-rebûlje.
1952
De Wettersneedramp sette yn 1953 grutte dielen fan Seelân en Súd-Hollân ûnder wetter. Der kamen yn Nederlân mear as 1.800 minsken by om.
1953
Frânske troepen sykje beskûl yn rinfuorgen ûnder de Slach by Dien Bien Phu, yn Fjetnam, yn 1954.
1954
1955
De Egyptyske stêd Port Saïd stiet yn 'e brân nei de ynvaazje troch Israelyske, Britske en Frânske troepen ûnder de Suëzoarloch fan 1956.
Imre Nagy, de lieder fan 'e Hongaarske Opstân fan 1956.
1956
De Spûtnik 1 wie de earste keunstmjittige satellyt, dy't yn 1957 troch de Sovjet-Uny yn in baan om 'e Ierde brocht waard.
1957
1958
Fidel Castro kaam yn 1959 op Kuba oan 'e macht nei't er as rebellelieder by de Kubaanske Revolúsje de faksistyske diktator Fulgencio Batista ferdreaun hie.
1959
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.