Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1908 | 1909 | 1910 | 1911 | 1912 | 1913 | 1914 | 1915 | 1916 | 1917 | 1918 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1913 MCMXIII |
Ab urbe condita | 2666 |
Armeenske kalinder | 1362 ԹՎ ՌՅԿԲ |
Etiopyske kalinder | 1905 – 1906 |
Hebriuwske kalinder | 5673 – 5674 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1968 – 1969 |
- Shaka Samvat | 1835 – 1836 |
- Kali Yuga | 5014 – 5015 |
Iraanske kalinder | 1291 – 1292 |
Islamityske kalinder | 1331 – 1331 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4609 – 4610 己子 – 庚丑 |
1913 is in gewoan jier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1913.) Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1910-er jierren.
Foarfallen
- 23 jannewaris - Yn Konstantinopel wurdt de Osmaanske minister fan Definsje, generaal Nazım Pasja, by in oanslach troch de Jong-Turken deasketten.
- 3 febrewaris - By in steatsgreep yn it Osmaanske Ryk nimme de Jong-Turken, in groep nasjonalistyske legerofsieren ûnder lieding fan Enver Bey en Talât Pasja, de macht oer.
- 19 febrewaris - Yn Meksiko wurdt presidint Francisco Madero by in steatsgreep mei stipe fan 'e Feriene Steaten ôfset. De nije presidint is Victoriano Huerta.
- 22 febrewaris - Yn Meksiko wurdt de ôfsette presidint Francisco Madero stânrjochtlik eksekutearre.
- 24 febrewaris - Yn Ingelân wurdt de bekende suffrazjette Emmeline Pankhurst arrestearre foar oprokkening yn ferbân mei de bomoanslach op 'e wente fan minister fan Finânsjes David Lloyd George yn Walton Heath yn Surrey, op 19 febrewaris l.l.
- 18 maart - Yn Grikelân wurdt kening George I by in oanslach troch de anargist Alexandros Schinas fermoarde. Hy wurdt opfolge troch syn soan Konstantyn I.
- 20 maart - Yn Sina wurdt Song Jiaoren, in foaroanman fan 'e nasjonalistyske Guomintang, by in oanslach fermoarde.
- 28 maart - It regear fan Dútslân presintearret in wetsfoarstel dat de omfang fan 'e Dútske striidkrêften mei 660.000 man en 153.000 hynders útwreide wurde sille.
- 26 april - Yn Gint wurdt de wrâldtentoanstelling iepene.
- 26 april - Yn Sina ropt Sun Yatsen, de oprjochter fan 'e nasjonalistyske politike partij Guomintang, op om presidint Yuan Shikai ûnder fuotten te heljen, nei't út in offisjeel ûndersyk nei foarren kommen is dat Yuan belutsen wie by de moard op 'e Guomintang-lieder Song Jiaoren, op 20 maart l.l.
- 6 maaie - It Britske Legerhûs fersmyt nei twa dagen fan debat in wetsfoarstel foar de ynfiering fan it frouljuskiesrjocht.
- 30 maaie - De Earste Balkanoarloch einiget mei in oerwinning fan 'e Balkansteaten. Under it Ferdrach fan Londen moat it Osmaanske Ryk suver al syn gebiet yn Jeropa opjaan, al wit it de stêd Konstantinopel te behâlden.
- 4 juny - Op 'e Derby fan Epsom rekket de militante Britske suffrazjette Emily Wilding Davinson swierferwûne as hja har by wize fan protestaksje ûnder de hynsterace foar it hynder smyt dat eigendom is fan kening George V. Hja komt op 8 juny oan har ferwûnings te ferstjerren.
- 11 juny - Yn Konstantinopel wurdt by in oanslach de Osmaanske grutfizier Mahmud Şevket Pasja fermoarde.
- 29 juny - Utbraak fan 'e Twadde Balkanoarloch: Bulgarije falt Grikelân en Servje oan, mei as doel om in grutter oandiel te krijen yn 'e gebieten dy't ûnder de Earste Balkanoarloch op it Osmaanske Ryk ferovere binne.
- 29 juny - Henri Desgrange fiert yn 'e Omgong fan Frankrykde giele trui yn.
- 30 juny - De Deenske natuerkundige Niels Bohr presintearret syn ferbetterings fan it atoommodel fan Ernest Rutherford.
- 1 july - Servje, Montenegro en Grikelân ferklearje Bulgarije de oarloch.
- 2 july - Yn Belgje wurdt in wet fan krêft dy't mei yngong fan 1917 ûnderofsieren yn it leger ferplichtet om net allinnich Frânsk, mar ek Nederlânsk te sprekken.
- 5 july - Yn it ramt fan 'e kabinetsformaasje yn Nederlân wurdt de foaroanman fan 'e SDAP, Piter Jelles Troelstra, ûntfongen troch keninginne Wilhelmina. It is de earste kear dat in sosjalist op it paleis útnûge wurdt.
- 7 july - It Britske Legerhûs kart in wet goed dy't Ierlân selsbestjoer jaan moat.
- 10 july - Roemeenje ferklearret Bulgarije de oarloch. Roemeenske troepen stekke de Donau oer om it Bulgaarske leger, dat oan 'e west- en súdgrins yn gefjocht is mei Servje en Grikelân, yn 'e rêch oan te fallen.
- 12 july - It Osmaanske Ryk ferklearret Bulgarije de oarloch. Osmaanske troepen begjinne oan in opmars troch East-Traasje, oer grûngebiet dat se ûnder de Earste Balkanoarloch oan 'e Bulgaren ferlern binne.
- 15 july - It Britske Hegerhûs fersmyt de troch it Legerhûs goedkarde wet dy't Ierlân selsbestjoer jaan moat.
- 20 july - It Osmaanske leger weroveret de stêd Adrianopel (Edirne) op 'e Bulgaren.
- 29 july - De ûnôfhinklikheid fan Albaanje kriget ynternasjonale erkenning as it Foarstedom Albaanje.
- 30 july - Yn 'e Roemeenske haadstêd Boekarest slute de oarlochfierdende Balkansteaten in wapenstilstân.
- 5 augustus - Yn Dútslân wurde ferskate ofsieren en hege wurknimmers fan wapenfabrikant Krupp ta koarte finzenisstraffen feroardiele foar it Krupp-skandaal, wêrby't tsjin betelling ynformaasje oer it munysje-oankeapbelied fan it Dútske leger trochspile is oan Krupp.
- 10 augustus - De Twadde Balkanoarloch einiget mei de folsleine nederlaach fan Bulgarije. Under it Ferdrach fan Boekarest moat it lân in part fan 'e ferovere gebieten út 'e Earste Balkanoarloch opjaan oan Servje en Grikelân. Boppedat ferliest it ek de Súd-Dobroedsja oan Roemeenje.
- 18 augustus - De FIFA yntrodusearret in nije regel - by in frije traap moatte de tsjinstanners 10 Ingelske jelne (9,15 meter) wei bliuwe.
- 28 augustus - Yn De Haach wurdt it Fredespaleis iepene, de sit fan it ynternasjonale Permaninte Hof fan Arbitraazje. De bou hjirfan is mooglik makke troch in jefte fan 'e Amerikaanske miljonêr Andrew Carnegie.
- 1 septimber - De Sineeske diktator Yuan Shikai wit it lêste ferset tsjin syn bewâld te brekken troch de stêd Nanjing, it bolwurk fan 'e opstannige Guomintang-partij, te feroverjen.
- 21 septimber - By it Ferdrach fan Konstantinopel slút Bulgarije frede mei it Osmaanske Ryk. Dêrby wurdt bepaald dat de Bulgaren in grut part fan 'e feroverings út 'e Earste Balkenoarloch kwytreitsje. Sadwaande komt East-Traasje wer by it Osmaanske Ryk te hearren.
- 18 oktober - It regear fan Eastenryk-Hongarije stjoert Servje in ultimatum, wêryn't easke wurdt dat Servje binnen acht dagen syn troepen út it ûnder de Twadde Balkanoarloch besette Albaanje weromlûke sil.
- 20 oktober - Servje jout ta oan 'e Eastenryksk-Hongaarske druk en ûntrommet it besette Albaanje.
- 17 novimber - Op feestlike wize wurdt it Panamakanaal yn gebrûk nommen.
- 26 novimber - Ruslân foltôget syn bestjoerlike herfoarmings yn Russysk-Poalen, dy't derop rjochte binne om it tanimmende Poalske nasjonalisme de kop yn te drukken. Sa mei fan no ôf oan de Poalske taal net mear yn 'e gemeenterieden brûkt wurde.
- 10 desimber - De Nederlânske natuerkundige Heike Kamerlingh Onnes kriget de Nobelpriis foar de Natuerkunde foar syn ûntdekking hoe't men helium floeiber meitsje kin.
- 12 desimber - Vincencio Peruggia besiket yn Florâns de troch him út it Louvre yn Parys stellen Mona Lisa te ferkeapjen en wurdt oanholden.
- 14 desimber - De Grykske kening Konstantyn I ferklearret Grikelân en Kreta foar ferienige, en fiert dêrmei de Grykske anneksaasje fan Kreta troch.
- 30 desimber - Itaalje jout de Mona Lisa werom oan Frankryk.
Berne
- jannewaris
- 9 - Richard Nixon, presidint fan 'e Feriene Steaten († 1994)
- 14 - Siep van den Berg, Frysk keunstskilder en byldhouwer († 1998)
- 20 - Tollina Schuurman, Frysk atlete († 1994)
- febrewaris
- 4 - Rosa Parks, Amerikaansk minskerjochte-aktiviste († 2005)
- 25 - Jacobus Anker, Nederlânsk politikus († 1998)
- maart
- 2 - Godfried Bomans, Nederlânsk skriuwer en sjoernalist († 1971)
- 5 - Sybren van Tuinen, Frysk skiedkundige, boargemaster en fersetsman († 1993)
- 15 - Lex Goudsmit, Nederlânsk akteur († 1999)
- 21 - Sabiha Gökçen, Turksk gefjochtspiloat († 2001)
- 21 - Durk Beeksma, Frysk âlvestêderider († 2012)
- april
- 26 - Ybe van der Wielen, Nederlânsk byldzjend keunstner († 1999)
- maaie
- 9 - Johannes Hillarius van der Heide, Frysk politikus († 1983)
- 22 - Willem Glashouwer, Frysk bestjoerder († 1983)
- 26 - Peter Cushing, Ingelsk akteur († 1994)
- juny
- 14 - Frits van Turenhout, Nederlânsk programmamakker en sjonger († 2004)
- july
- 14 - Gerald Ford, presidint fan 'e Feriene Steaten († 2006)
- augustus
- 1 - Cees Egas, Frysk politikus († 2001)
- 9 - John Fernhout, Nederlânsk filmer en fotograaf († 1987)
- 28 - Hermanus Gooike van Slooten, Frysk bestjoerder († 1994)
- septimber
- 5 - Dick Osinga, Frysk keunstskilder († 1997)
- 5 - Conny Stuart (Cornelia van Meijgaard), Nederlânsk sjongster, aktrise, kabaretiêre en musicalstjer († 2010)
- 12 - Jesse Owens, Amerikaanske atleet († 1980)
- 29 - Klaas van Dijk, Nederlânsk byldzjend keunstner († 1990)
- oktober
- 23 - Anny Bosma-Banning, Frysk leararesse en taalaktiviste († 2008)
- 27 - Joe Medicine Crow, Amerikaansk skiedkundige en antropolooch († 2016)
- novimber
- 6 - Hendrik Kuipers, Frysk bestjoerder († 2004)
- 7 - Albert Camus, Frânsk skriuwer († 1960)
- 28 - Hugo Pos, Surinaamsk jurist, skriuwer en dichter († 2000)
- desimber
- 8 - Caitlin Macnamara, Ingelsk skriuwer († 1994)
- 22 - Maria van Everdingen, Frysk byldhouster († 1985)
- 25 - Candy Candido, Amerikaansk bassist en stimakteur († 1999)
- 30 - Elyne Mitchell, Australysk berneboekeskriuwster († 2002)
- datum ûnbekend
- Ebbing Kiestra, Frysk arsjitekt († 1999)
Ferstoarn
- 29 jannewaris - Fred Gerard, Amerikaansk keapman en tolk (* 1829)
- 18 maart - kening George I fan Grikelân (* 1845)
- 13 april - Gabriël van Schouwen, Frysk dokter (* 1863)
- 11 juny - Mahmut Şevket Pasja, grutfizier fan it Osmaanske Ryk (* 1856)
- 29 septimber - Rudolf Diesel, Dútsk útfiner (* 1858)
- 7 novimber - Alfred Russel Wallace, Welsk biolooch (* 1823)
- datum ûnbekend
- Holle Hoarn-Bear (Hollow Horn Bear), opperhaad fan 'e Lakota (* 1850)
Literatuer
- romans
Jierren: | 1908 | 1909 | 1910 | 1911 | 1912 | 1913 | 1914 | 1915 | 1916 | 1917 | 1918 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.