Iuwen: | 14e | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e iuw | 20e | 21e | 22e | 23e | 24e |
Jierren: | 1862 | 1863 | 1864 | 1865 | 1866 | 1867 | 1868 | 1869 | 1870 | 1871 | 1872 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1867 MDCCCLXVII |
Ab urbe condita | 2620 |
Armeenske kalinder | 1316 ԹՎ ՌՅԺԶ |
Etiopyske kalinder | 1859 – 1860 |
Hebriuwske kalinder | 5627 – 5628 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1922 – 1923 |
- Shaka Samvat | 1789 – 1790 |
- Kali Yuga | 4968 – 4969 |
Iraanske kalinder | 1245 – 1246 |
Islamityske kalinder | 1284 – 1284 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 12 dgn. |
Sineeske kalinder | 4563 – 4564 癸寅 – 甲卯 |
Oergongskalinder foar 1867: | |
1867 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1867.)
Foarfallen
- 30 maart - De Feriene Steaten en it Keizerryk Ruslân berikke oerienstimming oer de Oankeap fan Alaska.
- 1 july - De Britske koloanjes Ontario, Kebek, Nij-Skotlân en Nij-Breunswyk foarmje de Kanadeeske Konfederaasje. Kanada kriget selsbestjoer binnen it Britske Ryk.
- 1 oktober - it earste part fan it Spoar fan Swol nei Ljouwert wurdt iepene.
- 18 oktober - Mei de Oankeap fan Alaska, bewurkmastere troch de Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken William H. Seward en syn Russyske amtgenoat Edûard de Stoeckl, komt in ein oan it bestean fan 'e needlijende Russyske koloanje Russysk-Amearika. It gebiet komt no ûnder de namme Alaska by de Feriene Steaten te hearren. De grins tusken de beide lannen komt yn 'e midden fan 'e Beringstrjitte te lizzen, en rint dêr tusken de beide Diomedeseilannen troch. Bestjoerlik wurdt Alaska foarearst in ûnorganisearre territoarium: it Departemint Alaska.
- 21-28 oktober - Under de namme fan it Ferdrach fan Medicine Lodge wurde in trijetal ferdraggen sletten tusken it regear fan 'e Feriene Steaten en fiif Yndiaanske folken fan 'e súdlike Grutte Flakten, wêrby't de Yndianen deryn tastimme en jou harren lân op. Dizze ferdraggen komme yn it plak fan it nea útfierde Ferdrach fan de Lytse Arkansas, fan 1865.
- sûnder datum - Alfred Nobel fynt it dynamyt út.
- sûnder datum - Samuel Fay krijt it earste patint foar in krammerke út metaaltried.
Berne
- 9 jannewaris - Theodorus Marius Theresius baron van Welderen, Frysk politikus en bestjoerder († 1945)
- 18 jannewaris - Rubén Darío, Nikaragûaansk dichter, skriuwer en sjoernalist († 1916)
- 7 febrewaris - Laura Ingalls Wilder, Amerikaansk skriuwster († 1957)
- 20 maart - Sjouke de Zee, Frysk skriuwer en propagandist († 1954)
- 25 maart - Arturo Toscanini, Italiaansk dirigint († 1957)
- 16 april - Wilbur Wright, Amerikaansk loftfeartpionier († 1912)
- 7 novimber - Maria Curie-Sklodowska, Poalsk-Frânsk natuerkundige en Nobelpriiswinner († 1934)
Ferstoarn
- 19 juny - keizer Maksimiliaan fan Meksiko (* 1832)
- 26 juny - kening Otto I fan Grikelân (* 1815)
- 22 septimber - Michael Faraday, Ingelsk natuerkundige (* 1791)
Literatuer
- toaniel
- Henrik Ibsen, Peer Gynt (oerset yn it Frysk as Peer Gynt)
Jierren: | 1862 | 1863 | 1864 | 1865 | 1866 | 1867 | 1868 | 1869 | 1870 | 1871 | 1872 |
Iuwen: | 14e | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e iuw | 20e | 21e | 22e | 23e | 24e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.