Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 oktober | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 |
<< | Oktober | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | |
7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 |
14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 |
21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 |
28 | 29 | 30 | 31 | |||
2024 |
15 oktober is de 288e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 289e). Der folgje noch 77 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1815 - Napoleon Bonaparte begjint syn ferbanning op Sint-Helena yn de Atlantyske Oseaan.
- 1962 - Kubakrisis: Tusken de FS en de Sovjet-Uny ûntstiet in krisis oer Russyske nunleêre wapens yn Kuba. Hjirtroch komt de wrâld ûnder in driging fan in nukleêre oarloch. De krisis duorret 13 dagen.
- 1990 - Sovjet lieder Mikhail Gorbatsjov krijt in Nobelpriis foar de Frede takend foar syn besykjen om de spanningen om de Kâlde Oarloch te ferminderjen en syn lân iepen te stellen.
- 1997 - De Thrust SSC ferbrekt it snelheidsrecord op lân en brekt as earste foertúch op lân offisjeel troch de lûdsbarriêre.
- 2005 - Der komt in nije Nederlânske stavering út.
Berne
- 70 f.Kr. - Fergilius, Romeinsk dichter († 19 f.Kr.)
- 1608 - Evangelista Torricelli, Italjaansk natuerkundige († 1647)
- 1829 - Asaph Hall, Amerikaansk astronoom († 1907)
- 1833 - Jelle Troelstra, Frysk politikus († 1906)
- 1844 - Friedrich Nietzsche, Dútsk filosoof en skriuwer († 1900)
- 1926 - Michel Foucault, Frânsk filosoof († 1984)
- 1946 - Tessa de Loo (Tineke Duyvené de Wit), Nederlânsk skriuwster
- 1949 - Nanne Kalma, Frysk muzikant en komponist
- 1955 - Tanya Roberts, Amerikaansk aktrise († 2021)
- 1962 - Alpita de Jong, Frysk letterkundige, esseïst en oersetter
- 1982 - Cayden Moore, Amerikaansk pornoaktrise
- 1983 - Bridgette B, Spaansk pornoaktrise
Ferstoarn
- 1564 - Andreas Vesalius (Andries van Wesel), Flaamsk dokter en anatoom (* 1514)
- 1917 - Mata Hari (Margaretha Zelle), Frysk dûnseresse, stripper en spionne (* 1876)
- 1936 - Benno von Achenbach, Dútsk grûnlizzer fan de regels fan de mensport (* 1861)
- 1957 - Henry van de Velde, Flaamsk arsjitekt (* 1863)
- 1980 - Katharine Mary Briggs, Ingelsk folkloriste (* 1898)
- 1991 - Hotze de Roos, Frysk berneboekeskriuwer (* 1909)
- 2000 - Vincent Canby, Amerikaansk film- en teäterkritikus (* 1924)
- 2005 - Sybout Jacob Nijdam, keatspionier en ûnderwiisman (* 1905)
- 2012 - Norodom Sihanouk, kening fan Kambodja (* 1922)
8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 oktober | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.