Iuwen: 8e 9e 10e 11e 12e 13e iuw 14e 15e 16e 17e 18e
Jierren: 1236 1237 1238 1239 1240 1241 1242 1243 1244 1245 1246
Kalinders
Gregoriaanske kalinder 1241
MCCXLI
Ab urbe condita 1994
Armeenske kalinder 690

ԹՎ ՈՂ

Etiopyske kalinder 1233 – 1234
Hebriuwske kalinder 5001 – 5002
Hindoekalinders
- Vikram Samvat 1296 – 1297
- Shaka Samvat 1163 – 1164
- Kali Yuga 4342 4343
Iraanske kalinder 619 620
Islamityske kalinder 638 638
Juliaanske kalinder
 
1241
MCCXLI
Sineeske kalinder 3937 3938

丁子 – 戊丑

1241 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Juliaanske kalinder foar 1241.)

Foarfallen

  • 18 maart - Yn 'e Slach by Chmielnik rinne de Mongoalen de Poalske troepen út 'e gewesten Sandomierz en Krakau ûnder de foet. De stêd Krakau, wêrfan't de ynwenners op 'e tiid evakuëarre binne, wurdt neitiid troch de Mongoalen ferwuostge.
  • april - De befolking fan Breslau (Wrocław) wurdt evakuëarre as de Mongoalen almar fierder yn 'e rjochting fan 'e stêd optsjogge. De ferdigeners fan it Kastiel fan Breslau brâne neitiid út strategyske redens de ûntromme stêd plat.
  • 9 april - Yn 'e Slach by Liegnitz (Legnica) ferslane de Mongoalen fan 'e Goudene Kliber in bûnsgenoatskip besteande út it Keninkryk Poalen, it Markgreefskip Moraavje, de Timpeliers, de Hospitaalridders en de ridders fan 'e Dútske Oarder. De befelhawwer fan it alliëarde leger, hege hartoch Hindrik II de Fromme fan Poalen, komt yn de fjildslach om.
  • 11 april - Yn 'e Slach by Mohi (Muhi) ferslane de Mongoalen fan 'e Goudene Kliber in bûnsgenoatskip besteande út it Keninkryk Hongarije, it Keninkryk Kroaasje, de Timpeliers en it Hartochdom Eastenryk, ûnder lieding fan kening Bela IV fan Hongarije.
  • 25 desimber - De Mongoalen feroverje en ferwuostgje Hongaarske haadstêd Esztergom en op deselde deis teffens de stêden Boeda en Pest, oan wjerssiden fan 'e Donau. De Hongaarske kening Bela IV flechtet nei it Keninkryk Kroaasje, dat in personele uny mei Hongarije ûnderhâldt, en dêr't Bela sadwaande ek oer hearsket.
  • 25 oktober - Selestinus IV wurdt keazen as paus fan Rome. Syn pontifikaat sil mar 17 dagen duorje (oant syn ferstjerren op 10 novimber), en is dêrmei ien fan 'e koartsten út 'e skiednis.
  • sûnder datum - It Noarddútske Hannover kriget stedsrjochten.
  • sûnder datum - Sint-Anna ter Muiden, no ûnderdiel fan Sluis, yn Siuwsk-Flaanderen, kriget stedsrjochten.

Berne

datum ûnbekend
  • Eleönoara fan Kastylje, keninginne-gemalinne fan Ingelân († 1290)

Ferstoarn


Jierren: 1236 1237 1238 1239 1240 1241 1242 1243 1244 1245 1246
Iuwen: 8e 9e 10e 11e 12e 13e iuw 14e 15e 16e 17e 18e
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.