...And Justice for All
algemiene ynformaasje
artystMetallica
album...And Justice for All
taalIngelsk
sjenreMetal
útbrocht7 septimber 1988
opnommen28 jannewaris1 maaie, 1988
doer9:46 albumferzje,
5:58 radioferzje
labelElektra
skriuwerJames Hetfield,
Lars Ulrich,
Kirk Hammett
produsintMetallica,
Flemming Rasmussen

...And Justice for All is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1988 en útbrocht op it album mei deselde namme fan Metallica út 1988. ...And Justice for All wie it twadde nûmer op it album.

Oer it nûmer

...And Justice for All is foar in part relatearre oan sosjaal ûnrjocht yn it algemien - in regear dy 't mear ynteressearre is yn oan de macht bliuwe as yn it ferbetterjen fan de libbensomstannichheden fan de befolking - mar benammen nei de rjochterlike macht yn it bysûnder. It nûmer is ien fan de langste nûmers fan Metallica, der binne noch fjouwer nûmers op oare albums fan Metallica, dy 't langer binne as dit 9:46 minuten duorjende nûmer. It nûmer bestiet ferskate dielen en hat meardere tempowikselingen.

Muzikanten

  • James Hetfield – Sang & Gitaar
  • Kirk Hammett – Gitaar
  • Jason Newsted - Bas
  • Lars Ulrich – Drums
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.