It efterheaksel -fehn (ek -vehn, -venn, -fenn, -feen) yn in plaknamme, ferwiist, lykas it Fryske "-fean", nei in feanterij of in plak yn in feangebiet. Plaknammen mei dy útgong komme yn haadsaak yn East-Fryslân foar, mar ek yn it Ammerlân en oare parten fan Nedersaksen en Sleeswyk-Holstein.
Yn East-Fryslân, en oangrinzgjende gebieten, tsjut de namme almeast, dochs net altyd, op in spesjale foarm fan feandelsettingen yn it tiidek fan de santjinde oant en mei de njoggentjinde iuw, dy't by de feankanalen del ûntstien binne.[1]
De folgjende plakken hawwe it foarheaksel 'fehn- of efterheaksel -fehn:
Augustfehn, Berumerfehn, Elisabethfehn, Fehnhusen, Friedrichsfehn, Großefehn, Ihlowerfehn, Jheringsfehn, Kamperfehn, Lammertsfehn, Nordgeorgsfehn, Petersfehn, Rhauderfehn, Südgeorgsfehn, Spetzerfehn, Veenhusen, Völlenerfehn, Warsingsfehn
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|