't Zandt (Grinslân)
Haadstrjitte
Haadstrjitte
Emblemen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal682 (31-12-2021) [1]
Oerflak10,04 km², wêrfan:
lân: 9,97 km²
wetter: 0,07 km²
Befolkingsticht.68 ynw. / km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 21' N 6° 46' E
Offisjele webside
Side 't Zandt
Kaart
't Zandt (Grinslân)
't Zandt

't Zandt (Grinslânsk: 't Zaand) is in doarpke yn de Grinslânske gemeente Iemsdelta. Oant 1990 wie 't Zand in selsstannige gemeente.

Skiednis

It doarp ûnstie nei ynpoldering fan de eardere Fivelboezem troch muontsen fan it kleaster Blomhof. De namme ferwiist nei in sânrêch yn dy âlde boezem dêr't it doarp letter op boud waard. De bewenners wenje net yn 't Zandt mar op 't Zandt.

De oarspronklik oan Marije wijde tsjerke mei syn frijsteande toer datearret út de 13e iuw. Nei de Ofskieding krige it doarp yn 1856 ek in grifformearde tsjerke.

Boskleane Alberdaheerd

Bûten it doarp op it plak fan de pleats Alberdaheerd stie eartiids in boarch, dy't bewenne waard troch it skaai Alberda. De boarch is al lang ferlyn ôfbrutsen, mar it plak mei de grêft, in leane en beammen is noch jimmeroan werom te kennen. In oare boarch wie Ompteda, dy't oan de rjochterkant fan de wei nei Spijk stie en healwei de 18e iuw sloopt waard.

't Zandt waard boud op in sânplaat dy't al bestie yn 'e tiid dat de dyk Godlinze-Schatsborg-Zeerijp as beskerming tsjin it wetter oanlein waard. Yn dy tiid rûnen waadrinners al fan de dyk nei de sânplaat en werom. Dêrby brûkten hja stokken, dy't yn de rin fan de tiid moaier makke waarden. Sa kamen de ynwenners fan 't Zandt oan harren bynamme "'t Zandster Handstokken". De skoalle fan 't Zandt hjit "De Zandplaat".

't Zandt leit in pear kilometer noardlik fan it spoar Grins-Delfsyl. Yn de oarspronklike plannen soe in halte nei it doarp ferneamd wurde, mar dat feroare en de halte krige by it iepenjen de namme fan it doarp Oosterwijtwerd.

Brân

Yn 'e hjerst fan 2007 hold in rige brannen it doarp yn 'e besnijing. Ferskillende leechsteande hûzen en skuorren baarnden ôf en yn it nijs waard in soad skreaun oer de "pyromaan fan 't Zandt". 't Zandt krige in plysjepost, dy't it doarp yn 'e gaten hâlde moast.

De plysje trapearre immen fan it doarp, dy't op 18 desimber oanholden waard. Op 7 jannewaris 2008 koe de plysjepost wer opheven wurde. De rjochtbank achte de man skuldich oan ien brânstifting, twaris it besykjen dêrta, it ferstjoeren fan driichbrieven en it besit fan yllegaal fjoerwurk en krige dêrfoar 24 moannen finzenis.

Gemeente

De gemeente 't Zandt bestie oant 1990 en njonken it haadplak 't Zandt bestie de gemeente fierder út: Eenum, De Groeve, Kolhol, Korendijk, Leermens, Lutjerijp, Oosterwijtwerd, Ter Horn, 't Zandstervoorwerk, Zeerijp en Zijldijk. De gemeente 't Zandt waard yn 1990 ûnderdiel fan de gemeente Loppersum en sûnt de weryndieling fan 2021 heart it doarp by de gemeente Iemsdelta.

Ofbylden

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers

Iemsdelta
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweer • Garsthuizen • Godlinze • HolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersum • Losdorp • Medhuizen • MiddelstumOosterwijtwerd • Opwierde • Seeryp • SyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijl • Tjamsweer • Toornwerd • UitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerd • Winneweer (foar in part) • Wirdum • Woldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
Amsweer • Arwerd • BaamsumBiessum • Binnen Ae • Boerdam • Dallingeweer • Dekkershuizen • Dijkum • Eekwerd • Eekwerderdraai • Eelshuis • Fiemel • Fraamklap • Garreweer • Garsthuizervoorwerk • Geefsmeer • De Heemen • Hoeksmeer • Hoogwatum • Jukwerd • Kolhof • Kopaf • Krangeweer • Ideweer • Lalleweer • Langerijp • Laskwerd • Lesterhuis • Lutjerijp • Marsum • Merum • Nansum • Nienhuis • Nieuwstad • Nooitgedacht • Oldenklooster • Opmeeden • De Palen • Polen (foar in part) • Rodeschool • Schaapbulten • Stork • Terhorn • Tweehuizen • Uiteinde • Vierburen • Vierhuizen • Wirdumerdraai • 't Zandstervoorwerk • Zomerdijk
Eardere plakken:
Heveskes • Naterij • Oterdum • Reide • Weiwerd
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.