De Lytse Donau, in ôfspjalting fan de Donau.
De Else dy't fan de Hase ôfspjalt by Melle, Dútslân
Satelytfoto fan de Ryn-Maas-Skeldedelta

In ôfspjalting of ôftakking is in rivier dy't him ôfspjalt fan in oare rivier: de haadrivier. At in ôfspjalting nei in eigen mûning yn see streamt, en in eigen streamgebiet hat, wurdt sprutsen fan in bifurkaasje. Ofspjaltings kinne lykwols fierderop ek wer gearrinne en wurde dan, alteast yn de ûnderrin, ek wol rivierearmen neamd, en it lân der tuskenyn wurde riviereilannen neamd. Ofspjaltings binne gauris part fan riviersystemen of frisseljende rivieren (boppestream), mar benammen fan rivierdelta's (ûnderstream). In ôfspjalting dy't wer yn in oare rivier streamt, foarmet in sydrivier. In ôfspjalting kin ek ûntstean at in rivier in mar yn streamt en as dêr wer twa rivieren út streame. By in bifurkaasjemar is wetterskieding slim te bepalen.

Foarbylden

Afrika

  • de Rosetta en Damietta binne de iennige oerbleaune ôftakkings fan de Nyl yn de Nijldelta
  • de Okavango spjalt him yn in soad mûningsearmen yn de Okavangodelta

Aazje

  • de Kollidam spjalt ôf fan de Kaveri
  • de Hooghly spjalt ôf fan de Ganges
  • de Munneru spjalt ôf fan de Krisjna

Jeropa

  • de Isel, Waal en Nederryn bifursearje fan de Ryn yn de Ryn-Maas-Skeldedelta.
  • de Achtûba bifursearret fan de Wolga flak foar de mûning yn de Wolgadelta
  • de Nerodimka yn Kosovo spjalt him yn twa rivieren ôf dêr' de iene yn de Sitnica streamt dy't útmûnet yn de Egeyske See en de oare yn de Lepenac streamt dy't oer de Vardar yn de Swarte See steaomt
  • de Tärendörivier spalt ôf fan de Torne älv en streamt fierderop wer gear mei de Kalixälven
  • de Lyse Donau spjalt ôf fan de Donau en streamt del yn de Váh, dy' fierderop wer in sydrivier fan de Donau foarmet

Noard- en Súd-Amearika

  • de Atchafalaya spjalt ôf fan de Mississippi
  • de Casiquiare (grutste bifurkaasje yn 'e wrâld) spjalt ôf fan de Orinoco en streamt del yn de Rio Negro
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.