Sint-Nikolaastsjerke
Église Saint-Nicolas | ||
Lokaasje | ||
lân | Frankryk | |
regio | Normandje | |
departemint | Calvados | |
plak | Caen | |
adres | Rue Saint-Nicolas | |
koördinaten | 49° 11' N 0° 22' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
patroanhillige | Nikolaas fan Myra | |
status | Net mear yn gebrûk as tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 11e iuw | |
boustyl | Romaanske en goatyske arsjitektuer | |
monumintale status | histoarysk monumint | |
Kaart | ||
De Église Saint-Nicolas (Sint-Nikolaastsjerke), somtiden ek Saint-Nicolas-des-Champs (Sint-Nikolaas fan de Fjilden) neamd, is in 11e-iuwsk tsjerkegebou yn Caen, Frankryk. De romaanske tsjerke waard yn 1913 as in histoarysk monumint erkend.
Skiednis
De bou fan de tsjerke om 1083 hinne is in gefolch fan de stifting fan de Abbaye aux Hommes troch Willem de Oermasterer. Troch de bou fan de Stefanusabdij fynt der in foarse útwreiding fan de stêd nei it westen ta plak. De nije útwreiding Bourg-l'Abbé lei op de parochygrûn fan de katedraal fan Bayeux, dy't de grûn oerdroech oan keninginne Mathilde, sadat de muontsen fan de Abbaye aux Hommes ûnder de geastlike ôfhinklikgens fan de abdis fan Caen kamen te stean. Om dêr ûnder út te kommen bouden hja oan de râne fan Bourg-l'Abbé de Sint-Nikolaastsjerke. De Sint-Nikolaastsjerke waard yn 1093 foltôge en de muontsen holden it patronaat fan dy tsjerke oant it útbrekken fan de Frânske Revolúsje.
Ek letter bleau de Sint-Nikolaastsjerke oan de râne fan Bourg-l'Abbé stean, om't Caen fierder nei it suden útwreide rjochting de Orne en dêr oerhinne. Sadwaande bleau de parochy fan in beskieden omfang en wiene der yn de rin fan de tiid gjin útwreidings of fergruttings fan de tsjerke nedich, sadat it gebou troch de tiid hinne hast itselde bleau. De noardlike toer waard net foltôge, wylst de súdlike toer yn de 15e iuw ferhege waard. It hege puntige dak boppe de apsis waard yn de 13e iuw boud. It hege middenskip dat mei grutte rûnbôgige arkades nei de lege sydskippen iepenet is karakteristyk foar de Normandyske styl.
Yn 1792 waard de parochy opheft. Yn de tsjerke waard in kûgelfabryk ûnderbrocht, letter in stâl foar de hynders fan militêren dêrnei oant 1931 in opslach foar feefoer.
De tsjerke is sletten foar publyk. Allinne by kulturele eveminten wurdt it gebou iepensteld. It ynterieur fan de tsjerke is net mear oanwêzich.
Tsjerkhôf
Oan de noardeastlike kant fan de apsis is it âlde tsjerkhôf, dat oant it ein fan de 19e iuw brûkt waard. De gaos fan grêfstiennen en krusen giet skûl ûnder monumintale beammen en strûken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Église Saint-Nicolas de Caen
|